Fryske top 100: op wa bringe jo in stim út?

Download Report

Transcript Fryske top 100: op wa bringe jo in stim út?

PARSEBERJOCHT
20 oktober 2016
Fryske top 100: op wa bringe jo in stim út?
Op 29 oktober iepenet de stimbus
De ein fan 2016 komt sa stadichoan yn sicht en dat betsjut dat it wer tiid is foar de
Fryske top 100. As startskot foar de stimmerij binne De Kast en Piter Wilkens op 29
oktober te gast yn it radioprogramma ‘Sneon yn Fryslân’. Nei dy iepening fan de
stimbus geane de muzikale mannen op ‘en paad om ferskate minsken te traktearjen op
in húskeamerkonsert. Opjaan dêrfoar kin no.
Immen ferrasse mei in konsert of in konsert by jo thús? Oanmelde kin fia Frysketop100.nl.
Dêr is ek mear ynformaasje oer de konserten te finen.
De kommende tiid wurde minsken folop waarm makke foar de Fryske top 100. Stimme kin
tradisjoneel oant en mei twadde krystdei. Op dy finale stimdei kriget elkenien de alderlêste
kâns de stim troch te jaan. As minsken dan kontakt opnimme mei Omrop Fryslân, kin it
samar wêze dat sy in bekende artyst oan de line krije. Hokker artysten der sitte bliuwt noch
efkes in ferrassing.
De Fryske top 100 wurdt op 31 desimber útstjoerd op radio, telefyzje, Omropfryslan.nl en de
Omrop-app. Sjoch foar mear ynformaasje op: Omropfryslan.nl/frysketop100.
Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing &
Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.
PERSBERICHT
20 oktober 2016
Fryske top 100: op wie brengt u een stem uit?
Op 29 oktober opent de stembus
Het eind van 2016 komt zo langzamerhand in zicht en dat betekent dat het weer tijd is
voor de Fryske top 100. Als startschot voor de stemmerij zijn De Kast en Piter Wilkens
op 29 oktober te gast in het radioprogramma ‘Sneon yn Fryslân’. Na deze opening van
de stembus gaan de muzikale mannen op pad om verschillende mensen te trakteren
op een huiskamerconcert. Opgeven daarvoor kan nu.
Iemand verrassen met een concert of een concert bij u thuis? Aanmelden kan via
Frysketop100.nl. Daar is ook meer informatie over de concerten te vinden.
De komende tijd worden mensen volop warm gemaakt voor de Fryske top 100. Stemmen
kan traditioneel tot en met tweede kerstdag. Op die finale stemdag krijgt iedereen de
allerlaatste kans een stem door te geven. Als mensen dan bellen met Omrop Fryslân, kan
het zomaar zo zijn dat zij een bekende artiest aan de lijn krijgen. Welke artiesten er zitten
blijft nog even een verrassing.
De Fryske top 100 wordt op 31 december uitgezonden op radio, televisie, Omropfryslan.nl en
de Omrop-app. Kijk voor meer informatie op: Omropfryslan.nl/frysketop100.
Noot voor de redactie:
Voor meer informatie kunt u contact opnemen met de afdeling Marketing & Communicatie
van Omrop Fryslân: 058 299 7876.