141010 Fryske Muzykwike, Frysker wurdt it net

Download Report

Transcript 141010 Fryske Muzykwike, Frysker wurdt it net

PARSEBERJOCHT
10 oktober 2014
De Fryske Muzykwike, Frysker wurdt it net!
De Fryske Muzykwike fan 13 o/m 18 oktober op radio, televyzje en ynternet
Alwer foar de fiifde kear stiet de hjerstfakânsje by Omrop Fryslân yn it teken fan
Fryske muzyk. De hiele wike wurdt der muzyk fan Fryske boaiem op de radio draaid.
Mar dat is fansels net alles, ek kommardel.nl is wer yn ‘e loft.
De Fryske muzyk is nammentlik net allinnich op de radio te hearren. It kin ek live yn ‘e
húskeamer! Fia kommardel.nl kinne minsken harren opjaan foar in húskeamerkonsert fan de
Doelleazen, Tet Rozendal, Sake Hijlkema, Piter Wilkens, GeDoBr en Johannes Rypma. Jûns
is yn it televyzjeprogramma Bynt dêr in kompilaasje fan te sjen.
Moandei 13 oktober, de earste dei fan de Fryske Muzykwike, is ek de offisjele ôftraap fan de
Fryske Top 100. De stimbus wurdt dit jier iepene troch Arend de Wrede, trainer fan it
drafhynder Derek Buitenzorg. Arend bringt tagelyk syn persoanlike top 5 yn. Ferskate Fryske
sporters sille him yn dizze wike folgje, lykas Wout Zijlstra, Marit Bouwmeester en Daniël
Iseger. Ek is der live muzyk, Frysktalich fansels, yn Noardewyn en Radio Froskepôle.
Fansels falle der ek wer moaie prizen te winnen yn de Fryske Muzykwike. Yn it radiospultsje
‘Wit de hit’ wurdt de tekst fan it iene ferske songen op de muzyk fan in oar nûmer.
Dielnimmers moatte titel en artyst fan beide hits trochjaan.
De Fryske Muzykwike wurdt op de radio feestlik ôfsluten mei in minikonsert yn ‘Sneon yn
Fryslân’. De artysten dy’t optrede binne Syb van der Ploeg en Wiebe Kaspers. Dêrby wêze?
Dat kin. Kaarten foar it konsert binne yn de wike sels te winnen yn it radioprogramma
Noardewyn.
Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing &
Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.
PERSBERICHT
10 oktober 2014
De Fryske Muzykwike, Frieser wordt het niet!
De Fryske Muzykwike van 13 t/m 18 oktober op radio, televisie en internet
Alweer voor de vijfde keer staat de herfstvakantie bij Omrop Fryslân in het teken van
Friese muziek. De hele week wordt er muziek van Friese bodem op de radio gedraaid.
Maar dit is natuurlijk niet alles, ook kommardel.nl is weer in de lucht.
De Friese muziek is namelijk niet alleen op de radio te horen. Het kan ook live in de
huiskamer! Via kommardel.nl kan men zich opgeven voor een huiskamerconcert van de
Doelleazen, Tet Rozendal, Sake Hijlkema, Piter Wilkens, GeDoBr en Johannes Rypma.
’s Avonds is in het televisieprogramma Bynt een compilatie daarvan te zien.
Maandag 13 oktober, de eerste dag van de Fryske Muzykwike, is ook de officiële aftrap van
de Fryske Top 100. De stembus wordt dit jaar geopend door Arend de Wrede, trainer van het
renpaard Derek Buitenzorg. Arend brengt tegelijk zijn persoonlijke top 5 in. Verscheidene
Friese sporters zullen hem in deze week volgen, zoals Wout Zijlstra, Marit Bouwmeester en
Daniël Iseger. Ook is er live muziek, Friestalig natuurlijk, in Noardewyn en Radio Froskepôle.
Natuurlijk vallen er ook weer mooie prijzen te winnen in de Fryske Muzykwike. In het
radiospelletje ‘Wit de hit’ wordt de tekst van het ene liedje gezongen op de muziek van een
ander nummer. Deelnemers moeten titel en artiest van beide hits doorgeven.
De Fryske Muzykwike wordt op de radio feestelijk afgesloten met een miniconcert in ‘Sneon
yn Fryslân’. De artiesten die optreden zijn Syb van der Ploeg en Wiebe Kaspers. Hierbij zijn?
Dat kan. Kaarten voor het concert zijn in de week zelf te winnen in het radioprogramma
Noardewyn.
Noot voor de redactie:
Voor meer informatie kunt u contact opnemen met de afdeling Marketing & Communicatie
van Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.