“Doarpsnijs” is in útjefte fan de Feriening foar

Download Report

Transcript “Doarpsnijs” is in útjefte fan de Feriening foar

DOARPSNIJS

Nûmer 378 oktober 2014

1

KOLOFON

“Doarpsnijs”

is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne.

It earste krantsje

kaam út yn april 1982.

De redaksje:

Wiepkje Holtrop Lyklamawei 49 571310 Hedwig Beukens Annie de Kleine Jantsje Akkerman Hege Bouwen 2a 572278 Lyklamawei 34 571364 Lyklamawei 27 571889 Tiete Bangma Coby Hospes Heaburgen 26 571980 Lyklamawei 23 571855

E-mailadres:

[email protected]

Website:

www.nijemardum.nl

It bestjoer fan Doarpsbelang:

Yme Wiersma (voorz) Omrin 1 Piet Rienstra (secr) Omrin 2 571557 571866 Gerrie van der Veen De Hege Bouwen 23 (penningmeester, bankrek. 572019 NL30RABO0305244159 ) Sjoukje Kramer Wissebuurt 12 571785 Joop de Vries Rienk Nadema Jaap Douwe Bokma Lyklamawei 15 Hege Bouwen 25 Hoitebuorren 13 571956 572101 571328

E-mailadres buertplysje:

[email protected]

of

www.politie.nl

2

FERHUZE

Nanda Mouw fan de Omrin nei Heaburgen 20

BEDANKT

De collecte voor de Ned. Brandwondenstichting heeft dit jaar in Nijemirdum

€ 299,40

opgebracht. Alle gevers/geefsters bedankt voor jullie bijdrage aan deze collecte en collectanten bedankt voor jullie inzet.

Gettje en Gerda

GEZAMENLIJK NAJAARSCONCERT

Op

zaterdag 1 november

a.s. ,’s avonds 20.00 uur, vindt in de ” Paadwizer” te Balk een concert plaats van I.S.O-Streekkoor (Oudemirdum) en het mannenkoor Cantate cum Gaudio uit Joure. Muzikale begeleiding wordt verzorgd door organist/pianist Martin de Jong. De leiding is in handen van Harm van Zuiden en Hans van Rossum. Entree € 8,00 incl. consumptie. Toegangskaarten bij de koorleden en aan de zaal. 3

HA JIM IT AL HEARD?

It sjit al wer aardich op nei de koartste dei. Wat giet in jier hurd foarby. De hjerstfakânsje sit der al wer op en wat ha we it troffen mei it waar net? Hearlik. Ek mei de frijmerk wie it geweldich waar en wat wer in gesellige boel. Om 8 oere moarns kamen der al minsken by my op it hiem. “Is het vandaag wel? Het is nog zo rustig..” Dy minsken kamen fan ‘e Lemmer en woene ek stean te ferkeapjen. Se hiene in plakje fûn yn de Omrin, seinen se. “Jim kinne better hjir op de Lyklamawei komme” sei ik, mar nee hear, se mienden dat se it better wisten dus se binne dêr moai bleaun. At se wat ferkocht ha wit ik net.. Miskien moatte we it oare kear wol hielendal op de Lyklamawei hâlde, want dêr komme dochs de measte minsken. Der wienen wat minder minsken op ‘e lapen mar it waard wer in super slagge dei en it wie ek noch krekt Nationale Burendag. Dat wie wol hiel tapaslik want âld en jong wie op de dyk te finen. Prachtich moai om te sjen hoe’t de minsken harren fytsen gewoan op de dyk delsetten… en it koe allegear. Us hiem stie ek fol mei ark en gelokkich bin ik wol aardich wat kwytrekke. Jan hie it wer smoardrok mei syn frikandelle-hannel. Hy hie diskear help fan syn sweager Wieger. Dy bliuwt sa kalm as in pûn moal, ek al steane der wol tsien klanten te wachtsjen. Mochten jimme suggestjes ha om it in oare kear wat oars oan te pakken, lit it my dan mar efkes witte (maile kin ek). Ik bin benijd nei de reaksjes. Yn oktober wie der op skoalle wer in berneboekewike en it tema wie feest.. As ôfsluting hiene se ûnder oaren ek in moadeshow. Groep 6, 7 en 8 hiene klean makke fan kranten en jiskepûden. No, se styngen der prachtich op. Knap hear wat se allegear fan kranten meitsje kinne. De klean dy’t Iris makke hat, hingje hjir noch te pronkjen yn de gong, mar ik tink net dat se dy wer 4

oandocht. Sy hat leaver klean oan fan wat mear euro’s. Yn de fakânsje haw ik efkes mei de froulju te winkeljen west. “Nike Air Max” dat binne de skuon op it heden. Ast dy oan hast …no dan hearst der hielendal by. It hert begûn my al hurder te slaan doe ‘t ik it priiskaartsje seach… tsjonge, jonge, dat is in rib út myn liif! Mar och, ast dan ek in hiel bliede faam sjochst dan tinkst: no toe dan mar.. Efkes letter yn in kleansaak…”Oh mem, sjoch dêr, wat in moaie broek” en ja, dy trui en dat bloeske hearre der fansels wol by. Pfff, dat wie myn twadde rib…mar gau wer nei Nijemardum: lekker “safe” gjin winkels. Hearlik. Dit wie it wer foar dizze kear, oare kear wer mear.

Groetnis WTHP

Wie de schoen past , trekt hem aan !!!

Ik verbaas (erger) mij de laatste weken vaak aan de slechte toestand van het “Skeve paad” en de Singel. Nu weet ik dat dit veroorzaakt wordt door mensen op paarden die denken dat ze precies op de smalle zandstrookjes moeten lopen in plaats van op de gras stroken. Waarom ze dit doen is mij een raadsel en ik zou diegenen die dit doen hierbij met klem willen vragen om hiermee te stoppen, want vooral voor ouderen is het een pijnlijk gebeuren om over deze paden te fietsen. Bovendien is een paar jaar terug aan de rechterkant van de Singel (komende vanaf het dorp) speciaal een ruiterpad aangelegd, dus dan denk ik , hoe bedenkt iemand het dan om precies op dat halve metertje zandstrook te gaan lopen of galopperen met een paard terwijl de Singel wel 6 meter breed is. Ik hoop dat degene wie zich hierin herkent een andere route bedenkt voor haar/zijn paard, dan heeft iedereen plezier van deze paden.

Nel Faber

5

NIEUWS VAN HET M.E.I. (Mardumer Engerie Initiatief)

Voor de zomer is in zowel Nijemirdum als Oudemirdum een avond georganiseerd om het draagvlak onder de bevolking te peilen voor een eventuele gezamenlijke dorpsmolen waarvan de opbrengsten ten goede zullen komen aan de twee dorpen. Ondanks de positieve reacties toen denkt u misschien dat het nu erg stil is rond dit plan. Achter de schermen wordt echter volop overlegd en vergaderd. Omdat ons plan een onderdeel is van een pilot van de Heidemaatschappij, in voorlopig 10 dorpen, zijn we gedeeltelijk ook afhankelijk van de voortgang in die andere plaatsen. Zelf zijn we ook volop bezig, o.a. met het bepalen van de mogelijke plaats van de molen. Binnenkort komt hier meer informatie over, en ook over het installeren van een vaste commissie die straks, wanneer de plannen echt concreet worden, hier uitvoering aan zal moeten geven. Ook is er door een afvaardiging van de commissie, samen met iemand van de Heidemaatschappij, reeds gesproken met een prominente delegatie van wethouders en ambtenaren van de gemeente. Hier is het plan voorgelegd en positief ontvangen, de ideeën zullen dan ook uitvoerig met de achterban worden besproken. Binnenkort, wanneer er meer zekerheden zijn, zullen we weer een informatieavond organiseren om de stand van zaken met u door te nemen. Namens het M.E.I.

Rienk, Jaap Douwe en Joop

DORPSHUIS

Zaterdag 6 december

is het dorpshuis gesloten.

Klaas en Harmke

6

HOE IS IT NO MEI?

Op de earste hjerstige dei fan dit jier gean ik, tsjin myn prinsipe, yn de auto nei it Wytlansdykje. Pietrijna Runia hat hjoed de hiele dei frij en ik mocht efkes by har komme foar dit ynterview.. Se wennet op it Wytlansdykje 7 mei har heit Gerrit Age en mem Hendrikje; ek hat se noch in jonger suske Aliese en lytse broer Thom. Yn de húskeamer stiet noch in koai mei in kavia deryn en dy hjit fan Mert.

Hoe âld bist do?

Trettjin jier, yn desimber wurd ik fjirtjin.

Praatst altyd Frysk?

Ja meastal wol, ek op skoalle.

Wêr giest nei skoalle?

Ik sit op de CSG yn Balk en dêr doch ik de havo. Ik sit no yn it twadde jier.

En fynst it leuk

? Jaseker, wy ha in leuke klasse.

Hast ek in bybaantsje?

Ik pasje wolris op yn Harich by myn tante. Dy hat no krekt wer in baby krigen. Dus dan gean ik dêr hinne en help har mei fan alles en noch wat.

Wat wolst letter graach wurde?

Ik wol graach juf wurde en dan it leafst foar groep 3 en 4.

Dus dat wurdt dyn ferfolchoplieding ek

? Ja, ik tink it wol.

Hoe giest nei skoalle?

Alle dagen op de fyts, mar dat sil oer in pear jier wol oars wurde, want de lêste twa jier fan de havo moat ik yn Snits dwaan. Dat is wol in hiel ein op de fyts.

Kinst der moarns wat ôfkomme?

Ik ha der muoite mei; it moat, mar it leit altyd noch sa lekker..

Hoefolle tiid bist kwyt oan dyn húswurk?

No best wol in soad, want ik moat der wol wat foar dwaan. Ik tink ûngefear 2 ûren deis.

Wolst ast 18 bist ek daliks dyn rydbewiis helje?

Jaseker, dat liket my hiel leuk [har eagen glimme]. Dan kin ik moai efkes yn de auto te shoppen ensa… 7

Watfoar muzyk fynst leuk?

Fan alles wol wat. Ik fyn in hiel soad leuk, ek fan de top 40.

Wêr sjochst graach nei op de tv?

GTST, Holland Got Talint, Holland Next Topmodel [dêr kin se sels wol oan meidwaan] en Syndroom. Ik sjoch allinnich jûns tv hear, oars ha ik der gjin tiid foar.

Hast in eigen keamer?

Ja gelokkich wol.

Wat fynst leuk om te lêzen?

Spannende boeken. Ik lês no ek in hiel spannend boek op skoalle oer in stalker.

Meist graach lêze

? No ik lês net in soad, mar as it spannend is kin ik hast net ophâlde.

Fynst it leuk om yn Nijemardum te wenjen?

Ja, ik fyn it hiel gesellich; ik tink dat ik hjir letter ek noch wol wenje.

Wat fynst belangryk yn it libben?

Datst gelokkich bist en in soad plezier hast yn dyn libben.

Sitst ek op club?

Ja, ien kear yn de twa wiken ha we dat.

En fynst dat leuk

? Jaseker, it is altyd gesellich..

enne leuke lieding

? Se laket. Ja, ús heit ûnderoaren .….

Giest oars jûns ek wolris fuort?

Soms gean ik wolris nei Aletta [har buorfamke en freondin] dan sjoch ik dêr GTST of sy komt hjir. En as 538 yn ‘e buert is, dat is ek hartstikke leuk.

Hast ek in hobby?

Ik spylje piano en krij ien kear yn ‘e wike les. (yn de keamer stiet in moaie piano)

En sjongst der ek by?

Nee, dat kin ik net.

Dat kin jim mem moai dwaan.

Ik doch net oan sport, mar ik ha wol hiel lang yn Lemmer op jazzballet sitten. Fierder mei ik graach te shoppen gean. Op myn keamer stiet trouwens noch in keyboard. Dêr spylje ik ek wol faak op. Tusken myn húswurk troch oefenje ik wolris wat ferskes.

Do hast neffens my wol aardich muzyktalint..[

beskieden knikt se súntsjes.]

Giest wolris nei in konsert?

Ja, we ha yn juny nei in konsert west fan One Direction yn Amsterdam. Oh, dat wie hiel leuk, ik soe wol wer ris nei in konsert wolle. 8

Makkest sels wolris iten klear?

Ja, ik ha no krekt ek al spagetty makke. As aanst iderien thúskomt dan kinne se sa oanfalle.

Oeh wat maklik sa`n kok yn hûs.

Hast sels ek in eigen computer?

Nee, wy brûke allegear deselde. Dat kin best hear.

Wêr giest hinne op fakânsje?

Meastal nei Dútslân. Fan ‘t jier binne we yn eigen lân bleaun, yn Limburg.

Wêr soest noch ris graach hinne wolle?

Nei Frankryk op simmerfakânsje. Miskien dogge we dat oare jier.. liket my sa leuk.

En oars miskien letter mei wat freondinnen yn dyn eigen” autootsje”

..

Ast no twa winsken dwaan mochtst wat soest dan winskje?

ek goed krij…

Dat binne twa hiele moaien!

Dat myn hiele famylje noch hiel lang en gelokkich libje mei en dat ik it letter sels Wylst de kavia ek wekker wurdt nim ik ôfskied fan Pietrijna. Bedankt dat ik hjir efkes komme mocht.

Wiepkje

SINTEKLAASJUN Sneon 29 novimber

komt Sinteklaas mei syn Swarte Piten yn it doarpshûs.

Wy ferwachtsje harren om 19.30 oere. Jimme komme dochs ek wer??

oare spultsjes.

Nei de tiid kinne de (grutte) bern harren wer útlibje mei draaiend rad en Oant sneon 29 novimber.

De lokaalferiening

9

NIJS FAN IT DOARPSBELANG

In tal wiken ferlyn hawwe wy jimme op’e hichte brocht fan ús doel om ynkoarten in iisbaan foar ús doarp te realisearjen. De winsk wie der al in hiel skoft, mar no hat ús gemeente in potsje dêr’t Nijemardum ek wat jild út brûke mei. No, dat litte wy ús gjin twa kear sizze! Wat is it prachtich dat, wannear at Piet Paulusma froast oankundiget, wy yn it eigen doarp nei in pear nachten ûnder nul, de izers ûnderbine kinne. Yn it earste plak fansels foar de bêrn, dy’t út skoalle wei boartsje kinne op it iis en it reedriden leare. Of ûnder skoaltyd, yn it plak fan gymnastykles. Mar ek foar de wat grutteren, dy’t jûns nei iten noch efkes in baantsje lûke wolle of iishockey spylje mei in groepke. Sels foar de wat âlderen ûnder ús is it in plak foar fertier. Men kin ynstee fan nei de soas, ek op middei jeux de boule spylje op it iis. Of wol “ piksjitte”. Wy as bestjoer wiene dan ek daliks fan miening dat dit seker plakfine moat as it kin. Mar doarpsbelang hat sels gjin grûn. Dus hawwe wy gearwurking socht mei de lokaalferiening om efter it doarpshûs in iisbaan meitsje te kinnen. Gelokkich koene sy harren wol fine yn it plan. De iisbaan kin makke wurde op it parkearterrein efter it doarpshûs. Earst ride en nei de tiid waarme sûkelademolke keapje by Klaas. Hoe moai wolle jo it ha! Om alles betelje te kinnen, hawwe wy de ôfrûne wiken by de doaren lâns west om te freegjen oft jimme as ynwenners it plan stypje wolle mei in bijdrage. Prachtich dat safolle minsken it mei ús wichtich fine dit foarelkoar te krijen. Wy hawwe oan’t no ta al sa’n 1000 euro ophelle en ha noch net op alle adressen west. Tige tank, it is geweldich!! Ek hawwe wy ferskate ynstânsjes oanskreaun en om in jefte frege. Mear stipers binne fansels noch wolkom! Yn ús

folgjende

krantsje witte wy hooplik wat mear oer wannear’t we oan de slach kinne. It soe moai wêze de kosten noch wat leger te krijen troch mei in protte Nijemardumers mei te helpen it yn oarder te krijen. Mar dêroer letter mear. Oan’t safier earst it nijs oer de iisbaan. Hawwe jo noch fragen, dan kin dat fansels altyd by ien fan it doarpsbelang. Us nammen steane foar yn it krantsje.

Gerrie van der Veen

10

WA BIN IK ?

De fakânsje is foarby en elk hat der wer sin oan ! It wie gesellich drok oan de telefoan en der kaam fan alles foarby: Teats de Jong, Ypie Gijzen, Grietsje Pietersma, Jo de Jong mar... dy wienen it net. Dit moai lyts famke mei plusen hûntsje ûnder de earm is Grietsje Altena-Stegenga. Sy is op dizze foto sa’n trije, fjouwer jier âld. Grietsje is berne yn Sondel en doe’t sy mei Berend troude binne sy op Nij Amerika komd te wenjen. Dêr begûnen se te buorkjen mei ien ko. Der is troch de tiid hinne hiel wat feroare. Berend en Grietsje ferhuzen nei Heaburgen dêr’t no soan Wiebren mei syn húshâlding wennet. No wurde de kij molken troch in robot, wa koe dat ea betinke! Antsje Buma, Sietske Strampel, Itty Rienstra en Minke Janny Keulen hienen it goed en bedarren yn de hege hoed dêr’t Hedwig

Itty Rienstra

as winnares út helle. No in lyts jonkje op in pony. .571889 Witte jimme wa’t dit is? Pak de telefoan en belje gau. Dat kin oant en mei sneon.

Jantsje

11

BUURTMETER, hoe staat uw dorp of buurt ervoor?

De buurtmeter is een instrument om een momentopname te maken van de leefbaarheid in onze dorpen. Wij willen de buurtmeter graag inzetten omdat we daarmee over een aantal jaren kunnen zien wat het resultaat is geweest van ons dorpenbeleid. Voor dorpen die nog met een dorpsvisie aan de slag gaan, is het een goede manier om te kijken waar het goed gaat en welke onderwerpen aandacht nodig hebben. De buurtmeter wordt ingevuld door een groep die bestaat uit 8 tot 10 inwoners die een dwarsdoorsnee van de bevolking vormen. Via een vragenlijst worden allerlei thema’ s besproken. Aan het eind van het gesprek heeft Nijemirdum (dorpsbelang) een overzicht van hoe de leefbaarheid op een aantal thema’s ervaren wordt. Het gesprek wordt door de dorpencoördinator, voor ons is dit Klaas Knobbe, gevoerd en samen vullen we de vragenlijst in. Met de uitkomsten kan het dorp aan de slag. Na een aantal jaren vullen we de buurtmeter nog eens in en kunnen we de resultaten vergelijken. Dat is niet alleen voor de gemeente van belang. Ook Plaatselijk Belang kan dan zien wat er, met hùn inzet, is gerealiseerd, op welke punten de leefbaarheid verbeterd is. We vragen maximaal 10 dorpsbewoners mee te doen aan de buurtmetergroep. De ervaring in andere gemeenten leert dat het leuke gesprekken zijn, die voor Plaatselijk Belang soms verrassende dingen opleveren. Daarom is het goed dat Plaatselijk Belang wel met een vertegenwoordiger deelneemt aan dit groepje, maar niet als bestuur de buurtmeter in gaat vullen. Het mooiste is het gesprek met een doorsnee van de inwoners te hebben, bijvoorbeeld een ondernemer, een sporter, jongere, moeder van een gezin, oudere, en iemand van Plaatselijk Belang. Het betreft één avond en in overleg plannen we deze avond die in het dorpshuis wordt gehouden. Lijkt het u wat om hierover mee te praten, geef u op bij één van de bestuursleden van Dorpsbelang! Telefoonnummers van bestuursleden vindt u in “doarpsnijs” maar opgeven aan de deur is natuurlijk ook goed.

Namens Dorpsbelang Nijemirdum, Piet Rienstra

12

MARKT IN DE MARDERHOEK

Het is al weer 5 jaar geleden dat de Markt in de Marderhoek in Oudemirdum plaatsvond. Een markt voor een goed doel, wat heel veel succes had. Vandaar dat we het nog een keer gaan doen en wel op

zaterdag 8 november.

Het goede doel is dit keer: Stichting Kuychi in Peru. Een Nederlandse vrouw, Helena van Engelen, (wat een toepasselijke naam) was in Peru geweest en werd geraakt door de armoe die vooral de kinderen treft. De vergeten kinderen van Peru. Ze is teruggegaan en heeft in 2003 dichtbij Cusco een centrum laten bouwen waar de kinderen uit de omliggende leefgemeenschappen kunnen leven en leren. Het geld gaat daar ook rechtstreeks heen. 8 november, de dag dat de markt is, komt Helena aan op Schiphol. Ze geeft hier de komende maand lezingen. Maar ze vind ons initiatief zo mooi dat ze dezelfde dag nog doorreist naar Oudemirdum! Meer hierover kun je lezen op Stichting Kuychi.nl. Vanuit Nijemirdum zijn er ook mensen die een kraam op deze markt hebben. December is een maand waarin veel cadeaus worden gegeven, wat zal het leuk zijn, U een cadeau maar ook één voor de Regenboogkinderen in Peru. Graag tot ziens op

zaterdag 8 november

, de middag en de avond. Willy Meischke

KLEDINGACTIE VLUCHTELINGEN

Het AZC in Luttelgeest heeft recent 400 vluchtelingen opgevangen en is dringend op zoek naar

mannen

kleding, winterjassen en schoenen voor vrouwen, mannen en kinderen, dekens/dekbedden. Vandaag sprak ik één van de personen die de kleding inzamelt en zij vertelde dat er echt nog kleding nodig is en zo bedacht ik ineens dat een oproep in het dorpskrantje misschien wat oplevert... Als de kleding e.d. bij mij gebracht wordt (

Wytlansdykje 12

), ga ik het in Emmeloord afleveren. Groeten

Jacoline vd Meer

13

KWYT?

Sa no en dan sjochst wolris in briefke hingjen mei:

Fermist: wa hat ús leave kat sjoen

? Of sjochst hjir of dêr in lyts babyslofke hingjen… Dy oare hie se dus noch wol oan doe’t se thúskaam. Mar wat ik no seach doe’t ik op in moarn de post út myn brievebus helle…, stiet der by ús bûten yn it haltsje by de foardoar: in

STOFSUGER !

fan it merk Panasonic. Ja, jim lêze it goed!

Sit hjir no in bedoeling achter?? Fynt ien my in hiel smoarch type en jout dy in stille hint.. of tinkt ien: Typysk Wiep kin alles, dus miskien kin se myn stofsûger ek wol meitsje.. Ien sei tsjin my: Do moatst efkes yn de sek sjen, miskien sitte der hierren yn dy’tsto thús bringe kinst.. Ik ha de eagen oer de ynhâld gean litten, mar der siet net folle yn. Wa kin my helpe? Nee, ik hoech gjin skjinmakster hear, mar wa mist syn stofsûger?? Jimme kinne skilje nei 571310 of kontakt opnimme mei ús buertplysje Hebing. Dy wol dizze saak grif oant op ‘e boaiem útsykje. It sil my benije hoe ‘t dit mystearje oplost wurde sil.

Wiepkje

14

IT HIMD FAN IT GAT

Ik sjoch har hast alle dagen yn waar en wyn mei in grutte koer foarop de fyts, drok dwaande mei it rúnbringen fan de kranten, folders, post en fansels ús doarpsnijs. Sjoukje Kramer hat it der mar drok mei. Heech tiid foar in ynterview, want ik wit dat dizze tûzenpoat noch folle mear by de ein hat. Op in waarme woansdeitemiddei (is it wier al oktober? ) fyts ik nei Wissebuurt 12 dêr’t Sjoukje de kofje al klear hat. Man Riny is drok yn de bou en jongste dochter Minke rint staazje by de thússoarch yn Balk. Soan Harmen wennet ek noch thús; dy is foarearst klear mei syn stúdzje en sit op it heden yn Austraalje. Aldste dochter Tineke is troud en wennet yn Grins dêr’t se ferpleechster is yn it U.M.C.G. En dan is der noch Meta dy’t mei har freon yn Snits wennet en foar de klasse stiet. Achter hûs wenje noch twa heech bejaarde kninen en no ‘t de bern grut binne... ja hoe kin it ek oars, draait Sjoukje op foar de thússoarch.

Wêr bisto berne?

Sjoukje is yn Nijemardum berne oan de Lyklamawei (no de Omrin) as tredde dochter fan Jelle en Trientsje Rienstra. Yn dat hûs wenje no har broer Klaas en syn frou Harmke.

Watfoar oplieding hasto dien?

Ik ha de laboratoarium-oplieding folge. Dêrnei ha ik as medysk analiste wurke yn it sikehûs fan Harderwyk en letter, wat tichter by hûs, yn de Flecke op ‘e Jouwer.

Wat dochst no foar wurk?

Post en kranten besoargje, skjinmeitsje, fervje en behingje by partikulieren.

Wat fynst it moaist om te dwaan?

It wurk dat ik no doch, it jout in soad frijheid. Ik kin myn tiden meastal sels yndiele. En fansels volleybalje, dat mei ik ek graach dwaan. Ien kear wyks traine en dan noch in wedstriid. Ek jou ik noch trainings oan it dames-rekreaasjeteam.

Wêr meie se dy midden yn de nacht foar wekker meitsje?

Lit my nachts mar lekker sliepe. Riny hat ien kear sa aardich west om in frikandel spesjaal foar my mei te nimmen. No, dat lei my as in stien op de mage.. ik ha de heale nacht yn de baan west. 15

Wat fynst in grutte ergernis ?

Fernielerij, mar ik tink dat elkenien dat wol fynt. Hjir yn ‘e hûs meie de bern wol wat mear opromje, mar no moat ik sizze dêr ha ik sels ek wol muoite mei.

Wat fynst in prachtich boek?

Ik ha der no net mear safolle tiid foar, mar Fryske boeken sa as fan Hylke Speerstra en thrillers mei ik graach lêze. Yn de fakânsje pak ik noch wolris in streekroman.

Hok tv programma of film fynst moai?

G.T.S.T.

Watfoar muzyk meist graach hearre?

Ik sjoch graach nei fuotbalwedstriden, RTL late night, Pauw en net te ferjitten Fryske en Nederlânsktalige muzyk sa as fan De Kast, Nick en Simon, Jan Smit en de radio stiet hjir einliks de hiele dei op Omrop Fryslân.

Wat wie dyn grutste miskeap?

Ik tink der earst goed oernei foardat ik wat keapje en dêrom komt dat my net sa faak oer. Mar ik ha no in robotstofsûger yn ‘e hûs en ik moat sizze dat falt my wat ôf. Hy sûget goed mar sadree ‘t der in snoer of flierkleed yn it paad leit draait er him gau om en nimt in oare rûte. O ja, en de kantsjes nimt der ek al net mei. Ik lit him no boppe mar wat omskarrelje en tink mar sa: der giet niks boppe de baas sels.

Wat is dyn favorite fakânsjeplak ?

Wy meie graach yn Nederlân kampearje mei de tinte. Fytsen mei en dan fia de fytsknooppunten allerhande moaie rûtes ferkenne. Nederlân is sa moai, der is noch safolle te sjen, wy kinne noch jierren foarút.

Wat is it fierste plak op de wrâld dêrsto west hast?

Mei noch twa oare stellen nei Frankryk, ek moai hear, mar jou my ús eigen lantsje mar.

Dochsto ek frijwilligerswurk?

Foar N.O.K fersoargje ik de wedstrydformulieren en “de grote clubaktie” en twa kear yn it jier de klean-aksje. De opbringst dêrfan is foar it volleybal. Ik sit ek yn it bestjoer fan doarpsbelang en yn de redaksje fan it tsjerkeblêd. Ik set dat blêd yninoar op de kompjûter en dat nimt best wol in soad tiid. Ik bin der wol sa’n tsien oeren mei yn de baan, mar ha der ek in soad aardichheid oan. 16

Foar myn famylje meitsje ik noch in Rienstra-krante. No wat minder faak as yn it ferline. Mei de komst fan facebook binne de measten aardich op de hichte. (

As âld klasgenoat fan Sjoukje wit ik noch dat se omraak type koe en har typdiploma helle mei in rekord oanslaggen yn e minút!)

Ik ha der noch altyd plezier fan, seit se.

Hok gebou meie se om dy daliks wol ôfbrekke?

Tusken Aldemardum en Riis stiet in hûs dat se ek wol de kypauto neame.

Hok plakje of gebou yn ús gemeente fynst it aldermoaist ?

No der hoecht Sjoukje net oer nei te tinken, ús eigen âlde toer!

Wat fynst in moai Frysk wurd?

Bjusterbaarlik!

Wêr kinst beslist net sûnder?

Dat is dochs wol myn mobyltsje, as ik wer in whatsappke krij moat ik gewoan efkes sjen! It is ek wol wat, sels op de fyts kin ik it net litte. Der is gelokkich noch niks misgien en ik ha myn fyts noch net yn in brievebus parkeard. Elkenien hat de krante en post noch krigen .....mar dochs... ik moat it gewoan litte.

Wolst oars ek noch wat kwyt ?

Ik mei altyd graach it doarpsnijs lêze en wol dat leaver net misse! (No, wy wolle Sjoukje ek net misse, want sy soarget foar de besoarging fan it krantsje! ) Ik fyn it ek wol bysûnder dat it krantsje alle moannen útkomt. Dêr komme de measte doarpen net oan ta. Wy ha it der noch oer hoe wichtich it frijwilligerswurk is: men hat faak net yn de gaten hoefolle wurk der sa stilswijend dien wurdt. En we helje fansels ek noch wat âlde kij út de sleat. Wat giet de de tiid dochs gau foarby. Sa sitte je noch byinoar op skoalle en sa binne je troud, ha bern krigen en slacht de klok yn de toer al wer fjouwer oere! Sjoukje moat nedich mei de kranten op ‘en paad en ik moat in stikje skriuwe! Sjoukje bedankt foar de kofje en dyn tiid, wy ha efkes gesellich bijpraat !

Jantsje

17

GEZOCHT: KERSTBOOM

Ook dit jaar willen we weer een kerstboom bij de Toer neerzetten in december. We proberen dit elk jaar te doen met een low budget. Dat is tot op heden geslaagd, de eerste boom hebben we in 2005 neergezet. Nu is onze vraag of misschien iemand in Nijemardum van zijn “kerstboom” af wil. Of misschien kent u iemand buiten Nijemardum die graag wat ruimte in de tuin wil. We zijn al tevreden met een boom van ca. 8 meter. Wij zagen de boom om en de stobbe, indien gewenst, nemen we ook mee. Zoals al genoemd: low budget, dus de boom nemen we gratis mee. Schroom niet en bel 06-1885 4056 zodat we ook in 2014 kunnen genieten van een grote kerstboom bij de Toer. Alvast bedankt Met vriendelijke groet namens de kerstboom commissie

Wiepie Hoekstra

BEGRAFENISVERENIGING “DE LAATSTE EER”NIJEMIRDUM

Jan Groenhof heeft te kennen gegeven dat hij wil stoppen met het luiden van de klok bij een overlijden en tijdens een begrafenis. Jan, hartelijk dank voor al de werkzaamheden die je hebt gedaan voor de begrafenisvereniging!! Carl Draaijer heeft aangegeven het stokje van Jan over te willen nemen. Carl gaat voortaan dus de klok luiden bij een overlijden en tijdens een begrafenis. De Bode geeft dit door aan Carl Draaijer. Namens het bestuur,

Grietje Rienstra

18

Verenigingen in Nijemirdum

Dorpsbelang Lokaalvereniging Beheerders vz secr pen Antje van Bommel Wiepkje Holtrop Hendrik Postma dorpshuis dorpshuis Chr. Basisschool De Stapstien schoolleider Peuterspeelzaal 't Opstapke Prot. Gem. O-N-S Klaas en Harmke Rienstra ouderraad inl: vz Carolien Glastra Joke Postma Jitske Mulder Sjoerd Bokma Kerkgebouw De Hoekstien vz secr pen. Yme Wiersma Piet Rienstra Gerrie van der Veen scriba predikant Joop Verkaik Teije T. Osinga predikante Maartje Wildeman koster fam. Luinenburg Begrafenisvereniging vz secr pen bode Damclub vz secr pen Vogelwacht Feestcommissie Inl. vz secr pen Roelie Veen Griet Akke Rienstra Piet Rienstra Omrin Pieter Deinum Johannnes van der Goot Egge Reinsma Henk Bokma Carl Draaijer Trijntsje de Jong-Rienstra Wiebren Hoekstra Harm van Bommel 19 571557 571866 572019 572161 571310 06-15601464 571606 571428 571888 572961 06-50894096 571400 582273 571527 593781 571394 571634 571714 571866 571771 / 06-625500361 571283 603572 572049 571926 571116 571746 572161

Verenigingen in Nijemirdum vervolg

Passage vz secr pen Harmke Rienstra-Eliveld Tjitske Baukema Nieske Glashouwer Biljartclub De Eekhoorn vz secr pen Klaas Rienstra Riny Kramer Gerlof Hendriks 571606 571883 581680 571606 571785 571696 Biljartclub Zicht op de bal vz secr pen Jaap Douwe Bokma Hendrik Rienstra Wieger Pietersma 571328 06-23125527 571426 Klaverjasvereniging O.N.S. vz secr pen Sake Mollema Feike Samplonius Doede Bosma 0513-851269 602998 571282 Gymnastiek vereniging vz secr pen Feikje Draaijer Brechtsje Bokma Monique Betsema 571926 572049 592157 Tennis vz secr pen Wilco Daas Nick Fortezza Jaap Ovelgönne 571133 06-10979306 571151 Voetbal Vz(interim) Henk Wieger Ruiter secr pen Henk Wieger Ruiter Jacob Brandenburg 603843 603843 06-38501491 Volleybal Vz secr pen Yke van der Wal Corry Schotanus Kees Draaijer 571694 571602 571791 Int. Kerkelijk streekkkoor vz secr pen Pieter Runia Gerrit Postma Jannie Feenstra 571588 603707 602560 Soos vz Secr/pen Klaas Muizelaar Jan Smits 571363 602195 20

Verenigingen in Nijemirdum vervolg

Zanggroep Eigenwize vz secr pen Ank Wiering Gea Fijneman Rein Flapper 571362 603144 06-51346626 Boerinnengroep vz secr pen Tiertsje Smink Corine Schep Willeke Veldman 06-13308612 06-14560019 06-10521778 Kinderkoor Prelude vz secr pen dirigent vacant Jantsje Wierda Geeske Hendriks Marianne vd Heide 572075 571225 06-25282429 Tuinclub vz secr pen Klaske Zwart Jantsje Akkerman Wieke Haarsma 571640 571889 571612 EHBO vz secr pen Esther Schilstra Idzard Pruiksma Jeannet Bekedam 571817 850201 571597 Toneelclub Doarpsnijs De redaksje: Inl. Coby Hospes Wiepkje Holtrop Tiete Bangma Hedwig Beukens Annie de Kleine Jantsje Akkerman Coby Hospes 21 571855 E-mailadres: [email protected]

Website: www.nijemirdum.nl

Bij bestuurswisselingen en/of wijzigingen dit graag doorgeven aan: Gerrie van der Veen [email protected]

0514-572019 Graag willen wij van elke secretaris een email adres ontvangen. Dit kunt u mailen naar [email protected]

571310 571980 572278 571364 571889 571855

SIZWIZE FAN DE MOANNE:

Tsjerke en toer moatte midden yn’t doarp bliuwe

22

DE STIPERS

Mei tank oan de folgjende minsken/bedriuwen kin Doarpsnijs elke moanne útbrocht wurde: Paul Baas Harmen en Lieske Bangma Albert en Jeannet Bekedam Bauke Beukens Doede Bosma Harm van Bommel Jan Buma Johan A. Dijkstra Jelle Eppinga Arjan Hendriks Halbe Hielkema De Klussenbaas Camping De Groninger Melkveehouderij/luxe appartementen Garant Zaden Klussenbedrijf VB administratie Buma Handel Dierenarts Boomkwekerij SDS Balk Startmotoren en dynamo’s Bouw- en onderhoudsbedrijf Tryntsje de Jong-Rienstra Ede Groenhof Kapsalon Tryntsje Transportbedrijf/verhuizingen Cees en Johannes v.d. Meer Van der Meer Mechanisatie Martin Mensonides Martin Service-onderhoud en reparatie mobiele werktuigen Hendrik Postma Motorenrevisie/reparatie Douwe en Froukje Prins Fam. K. Rienstra Runia Fourage BV Runia Transport BV Jan-Dirk van der Tol VandeLinde Associates Bakkerij Prins, Harich Beheerders dorpshuis (Klein)diervoeders, aardappelen enz. Transportbedrijf Feedcentre B.V. Journalistieke Producties Earnst P. Veenstra Annoesjka de Vries De Vries Hovenier Pedicure Slagerij, Oudemirdum De famylje Kramer soarget derfoar dat it krantsje elke lêste tongersdei fan 'e moanne by de minsken thús komt. 23

AGINDA

1 novimber : Spooktocht 29 novimber : Sinteklaasjûn Elke 3e sneon fan ‘e moanne wurdt it âld papier ophelle.

IT FOLGJENDE KRANTSJE

ferskynt op tongersdei 27 novimber 2014 by ien fan de redaksjeleden

KOPIJ YNLEVERJE foar woansdei 19 novimber

in e-mail stjoere kin ek:

[email protected]

24