“Doarpsnijs” is in útjefte fan de Feriening foar

Download Report

Transcript “Doarpsnijs” is in útjefte fan de Feriening foar

DOARPSNIJS
Nûmer 379
novimber 2014
1
KOLOFON
“Doarpsnijs” is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op
elke lêste tongersdei fan de moanne.
It earste krantsje kaam út yn april 1982.
De redaksje:
Wiepkje Holtrop
Hedwig Beukens
Annie de Kleine
Jantsje Akkerman
Tiete Bangma
Coby Hospes
Lyklamawei 49
Hege Bouwen 2a
Lyklamawei 34
Lyklamawei 27
Heaburgen 26
Lyklamawei 23
571310
572278
571364
571889
571980
571855
E-mailadres: [email protected]
Website: www.nijemardum.nl
It bestjoer fan Doarpsbelang:
Yme Wiersma (voorz)
Omrin 1
571557
Piet Rienstra (secr)
Omrin 2
571866
Gerrie van der Veen
De Hege Bouwen 23
572019
(penningmeester, bankrek. NL30RABO0305244159)
Sjoukje Kramer
Wissebuurt 12
571785
Joop de Vries
Lyklamawei 15
571956
Rienk Nadema
Jaap Douwe Bokma
Hege Bouwen 25
Hoitebuorren 13
E-mailadres buertplysje: [email protected]
of www.politie.nl
2
572101
571328
WOLKOM OAN NIJE YNWENNERS
Martha Smeding en Stephan Mast
Omrin 22
HA JIM IT AL HEARD?
Al in hiel skoft wist Roely dat sy yn novimber de
“Berenloop” rinne soe.
Nee, ik net hear, ik wurd der sa senuweftich fan, ja echt!!
Mar fansels trainde ik wol mei har.
In pear wiken foar de wedstriid sei Buter: “Wêrom dochsto net mei?”
“Spitigernôch binne der gjin kaarten mear jong.., oars hie ik wol gien.”
Buter is net sa gau ferslein: “Ik sil sjen as ik in kaart krije kin en dan draafsto…”
“Bêst, ôfpraten..”
Oeh, hie ik dat no mar noait sein, want hy hie fansels samar in kaart foar my.
Dat sa styngen wy 2 novimber yn Harns by de boat te wachtsjen… wy moasten
Nijemardum fertsjintwurdigje op Skylge.
Heareminsken, wat in minsken!
Sa`n lytse 5000 rinners sille om 12 oere fuortsjitten wurde.
Wy ha noch in lyts healoerke foar de start en it is moai waar, mar it waait toch ek
wol wer, dus noch in t-shirt mei lange mouwen derûnder??
Ik moat ek noch efkes nei it húske… oehh wat doch ik mysels oan, wat doch ik
hjir..
Ik wurd hjir hielendal net gelokkich fan..
It is 12 oere en it startskot klinkt.
Wy binne noch net iens in kilometer fuort en ik fernim al dat ik tefolle klean oan
ha.
3
Ik swit my út de naden… no ja miskien ha wy aanst de wyn oars en wurdt it wat
better.
Oeh, wat is it hjir drok…ik moat romte ha.. en dus: ynhelje dat spul!
Roely folge my braaf en hearde my wol protteljen, mar sy wie ferstannich en sei
niks.
De earste 10 km sitte derop en pff.. ik bin al hast stikken. Wat bin ik warm, ik
doch dit noait wer! Roely draafde moai foar my út: “kom Wiep, moai
trochdrave..”
Ja, do hast maklik praten, mar ik sjoch it net sitten.
Nei in skoftke kamen wy op it strân. Oh hearlik, dy frisse wyn om de kop.
Yn de krante styng letter dat sy allegear sa`n lêst hiene fan de wyn.. no ik net, ik
ha der fan genoaten, no ja.. oant safier fansels.
Noch 3 km te gean…”Kom op Wiep, de iene poat foar de oare, dan komst der
wol.”
Roely hâldt my goed yn de gaten.En ja, dêr seagen
wy de Brandaris. Holymoly, gelokkich wy binne der!
Mar nee hear, de organisaasje fûn it noadich om
noch in hiele ombocht te meitsjen by de haven del…..
tsjonge jonge, moat dat no echt??
Ja hear, dêr is de reade loper,einlings de finish yn
sicht: Hân yn hân binne wy oer de einstreek gien.
Bearetrots op ússels!!
Wy kinne der wer in heale maraton byskriuwe.
Mar ik doch it noait wer…
Hè, hè, dit wie it foar dizze kear,oare kear wer mear.
Groetnis WTHP
4
GRIENE SINGEL
Geachte bewoners van Nijemirdum,
Zoals menigeen inmiddels wel heeft
ondervondenlaat de begaanbaarheid
van de Griene Singel momenteel te
wens en over. Met name het begin
en het einde zijn niet in goede staat.
De problemen van dit moment zijn vooral veroorzaakt door zwaar verkeer van
aannemer Schagen die, in opdracht van onze gemeente, het betonnen fietspad
over het Heidepaed heeft aangelegd. Natuurmonumenten is hier niet in gekend,
en wij hebben daarover ook al geruime tijd geleden ons ongenoegen kenbaar
gemaakt.
Verder is aan het begin van de Griene Singel gerekend vanaf De Hege Bouwen,
direct na de sluitboom keileem toegepast. De insporing was hier het diepst en de
gedachte was dat keileem (waar, naar verluidt, vroeger in Gaasterland vaker
paden mee werden verhard) de situatie zou verbeteren. Helaas is hier, kort na
aanleg in het drogingsproces, wederom zwaar materieel overheen gereden dat
diepe insporing heeft veroorzaakt met stagnatie van regenwater tot gevolg waar
juist een goede afwatering was bedoeld. Dat heeft er weer toe geleid dat het
voor paarden bedoelde deel ter plekke werd omzeild en het fietspaadje stuk
werd gereden.
Natuurmonumenten wil graag dat de Griene Singel op een behoorlijke manier
begaanbaar is en blijft voor extensief verkeer als voetgangers, fietsers en
(aangespannen) paarden. Om dat te bereiken hebben we aannemer Schagen
gevraagd om samen met ons de situatie te beoordelen en vervolgens te komen
tot verbeteringen. Op het moment van schrijven zijn nog niet alle details bekend,
maar we denken aan de volgende maatregelen:
 Aan het begin en einde (de slechtste plekken) de bodem te vervangen door een
materiaal dat ook onder natte omstandigheden voldoende draagkracht behoudt.
 De sluitbomen voorzien van een slot om te voorkomen dat zwaar verkeer zich
toegang kan verschaffen en opnieuw schade aanricht.
 Met bebording ruiters en amazones alsmede aangespannen wagens
nadrukkelijk vragen het voor hen bedoelde deel van de Singel aan te houden.
5
We doen ons best om tot een aanvaardbare situatie te komen, maar vragen
tegelijkertijd uw begrip voor het feit dat de Griene Singel een bospad is en blijft
op een ondergrond van zand en (dieper gelegen) keileem. Deze bodem is naar
zijn aard, zeker onder natte en winterse omstandigheden niet geheel stabiel en
daardoor niet berekend op zware belasting. Dat was vroeger al zo en dat is nog
steeds zo.
Wij hopen u voor dit moment voldoende te hebben geïnformeerd en blijven in
contact met dorpsbelang.
Vriendelijke groet,
Beheerteam Natuurmonumenten
Tel. 0515-331647
SINTEKLAASJUN
Sneon 29 novimber komt Sinteklaas mei syn
Swarte Piten wer yn it doarpshûs.
Fia in whatsappke lit hy witte dat hy 19.30 oere
yn syn aginda stean hat.
Dus alle bern, heiten en memmen, pakes en
beppes: jimme meie dit net misse!
As Sinteklaas wer útnaaid is dan is it feest foar de
grutte bern.
Dy kinne harren wer útlibje mei it balgoaien, spikerslaan en fansels fljocht it
“draaiend rad” ek wer yn de rûnte.
Dit jier ha wy foar it earst de beruchte (cavia) bargemotte-bak. Jimme witte it
noch wol fan de tillevyzje mei André van Duin en Mieke Telkamp… ik leau wol
dat de nammen oanpast binne.
Wy ha der wer sin oan, jimme dochs ek?
Oant sneon 29 novimber.
De lokaalferiening
6
WA BIN IK?
Nee, dit lytse mantsje wie net Gert Baukema of
Gert Beukens en nee, it wie ek net Pier Akkerman
of Halbe Hielkema. Dizze “blonde” krollekop is
Gerlof Hendriks en net ien dy’t dat seach.
De foto is yn Warns makke by Gerlof syn âldershûs
en hy is hjir sa’n tsien jier âld. De pony dêr’t hy op sit
is in útfanhuzer út Ponypark Slagharen.
It Ponypark socht foar it winterskoft gastgesinnen
foar de pony’s. De bistkes moasten de hiele simmer
mei bern omhobbelje en koene dan op ferhaal komme.
Gerlof fertelde dat de pony’s net mear safolle fet op de lea hienen, boppedat
wienen se wend om rûntsjes te rinnen en dat joech wolris konsternaasje.
Hy mei noch graach wat bistespul om him hinne ha.
Oan it Wytlânsdykje kin men syn moaie lama’s bewûnderje.
Op stâl steane op ‘t heden alpaca’s (dat binne in soarte fan miny lama’s) en dêr
ferwachtsje Gerlof en Annemien meikoarten “gesins-útwreiding”.
De sûkerbôle lizze wy efkes yn it argyf en
wy binne benijd as jimme witte wa’t dit
famke is.
Belje gau 571889
Dat kin oant en mei sneon.
Jantsje
7
SNEEUWVRIJ MAKEN EN HOUDEN VAN DE STOEP IS GEWENST
In Nederland kennen we geen gemeentelijke
administratieve sancties voor het niet sneeuwvrij
maken van de stoep zoals in België.
En in de APV (Algemene Plaatselijke Verordening,
lees gemeentelijke verordening) staat geen regeling
meer die burgers dwingt hun stoep sneeuwvrij te vegen.
Maar heeft de overheid dan echt geen mogelijkheid
burgers hiertoe te dwingen? Er is een uitzonderingsregel in het
Europees Verdrag tot Bescherming van de Rechten voor de Mens en
Fundamentele Vrijheden (EVRM). Daarin hebben de lidstaten van de Raad van
Europa de belangrijkste mensenrechten en fundamentele vrijheden vastgelegd.
Recht op leven, verbod van foltering en vrijheid van meningsuiting zijn daar
voorbeelden van. In artikel vier staat het verbod van slavernij en dwangarbeid.
Daarin staat dat niemand mag worden gedwongen dwangarbeid of verplichte
arbeid te verrichten. Er zijn echter vier uitzonderingen die niet onder
dwangarbeid of verplichte arbeid vallen. De laatste daarvan: elk werk of elke
dienst, welke deel uitmaakt van normale burgerplichten.
Onder normale burgerplicht kan ook de oproep om het stukje trottoir dat voor
uw huis ligt sneeuwvrij te maken vallen, eventueel ook het stukje van uw
buurtbewoner als deze niet in staat is om dit zelf te doen, en dan liefst tot de
voordeur. U doet de postbode, krantenbezorger, appelboer, warme maaltijd
bezorger, Jehova getuigen enz. er een groot plezier mee. En natuurlijk uzelf,
even lekker buiten, en u wordt weer bereikbaar.
Namens bestuur dorpsbelang Nijemardum
Piet Rienstra
8
WERKEN IN DE WERELDWINKEL
Waarom werken wij met dertig enthousiaste
mensen bij Wereldwinkel Gaasterlân?
Omdat we een droom hebben.
We dromen van eerlijk delen, met als doel het
leven te verbeteren van mensen in een oneerlijk verdeelde wereld.
Al in 1990 werden de eerste plannen gemaakt om een Wereldwinkel op te
richten in Gaasterland, we bestaan dus al bijna 25 jaar. Maar het is niet een
eenvoudige klus om een winkel te runnen met alleen maar vrijwilligers. Er komt
veel bij kijken. Daarom werken we ook met werkgroepen, elk met een eigen taak
en verantwoordelijkheid en een overkoepelend bestuur.
We hebben een werkgroep winkel-inkoop. Zij reizen regelmatig naar Culemborg
om de mooie spullen uit te zoeken. Dit doen ze rechtstreeks bij de importeurs
De werkgroep winkelinrichting-etalage zorgt er voor dat de winkel er altijd
piekfijn uitziet. Elke 14 dagen wordt er geëtaleerd en komen er weer andere
dingen in de winkel.
De werkgroep kerstpakketten komt al in september in actie om weer zoveel
mogelijk klanten te informeren en enthousiast te krijgen voor een fairtrade
kerstpakket.
De werkgroep PR en activiteiten , de Pr@c genaamd, doet aan voorlichting,
schrijft stukjes in de krant, staat op markten en braderieën en geeft presentaties
over eerlijke handel.
En met zoveel vrijwilligers zijn er ook mensen nodig die het wel en wee van de
medewerkers in de gaten houden. Zij zorgen ook voor het jaarlijkse uitstapje en
een kerstattentie. Een paar mensen houden zich bezig met de website en
facebook. Zo kun je altijd op de hoogte zijn van het laatste nieuws.
Dit is wat er achter de schermen gebeurt. Maar er is natuurlijk ook nog het
gewone winkelwerk. Over het algemeen staan we twee dagdelen per maand in
de winkel. Maar het is soms een hele klus om het rooster rond te krijgen.
Daarom zouden we er wel enkele enthousiaste mensen bij willen hebben.
9
Heb je ook een droom, zou je willen bijdragen
aan een wereld die eerlijker verdeeld is, spreekt
het werken in de wereldwinkel je aan, dan willen
we graag met jou in contact komen. We kunnen
dan in een gesprek bekijken of we wat voor
elkaar kunnen betekenen.
Contactpersonen:
Nel Kranenburg telefoon 603916
Jannie Feenstra telefoon 602560
Wereldwinkel Gaasterlân
F.D. Hoekstraplein 3, Balk
www.wereldwinkelgaasterlan.nl
Deutsche Stiftung Denkmalschutz
De Deutsche Stiftung Denkmalschutz (Duitse Stichting voor
Monumentbescherming) is een Duitse private organisatie, opgericht in 1985, die
zich inzet voor het behoud van cultureel erfgoed in Duitsland. De stichting is
voorloper op het gebied van beheer van cultureel erfgoed in Duitsland.
Jo sille tinke “wat is dit no wer”? Dat sil ik jo út de doeken dwaan. Op in snein
rûn ik mei Grietsje oer Heaburgen en foar de pleats fan de fam. Zuijderhoff oer
seach ik dit buordsje op in peal spikere. Ik tocht earst dat it út de oarloch mei
Dútslân kaam. Dus mar efkes Google-je en hjir boppe stiet it antwurd. Hoe komt
sa’n buordsje hjir no? Fûnen Dûtske fakânsjegongers it hjir sa moai dat se it op
de peal spikere ha?
It is fêst stellen want Dútslân hat hjir net folle
mear dat as beset gebiet neamd wurde kin en
hoelang sit it al oan de peal?
Wa’t it wit mei it sizze.
Groetnis, Piet Rienstra
10
NOCH BY JUF
It is krekt 1,1 kilometer fan ús hûs ôf om
by de famylje v.d. Wal op Hoitebuorren
te kommen. Op in freedtemiddei sko ik
oan by de grutte keukenstafel dêr’t 2
“blonde” famkes drok oan it kleurjen binne.
Oei, wa fan ‘e twa is Siegrid, want dy sil ik
ynterviewe.
Ik doch ik gokje en ha it ek noch goed.
Dan moat de oare Amarins ( 6) wêze.
Wat in prachtige Fryske nammen ha jim.
Ja, seit Siegrid, dat ha heit en mem betocht. Sels is se net kapot fan har namme
mar dat komt fêst noch wol. Heit Durk soarget foar in bakje kofje foar my en wat
drinken foar de bern. Jorrit ( 10) sit yn ‘e keamer en docht, sa te hearren, in
fuotbalspultsje.
Siegrid is 8 jier en sit yn groep 5 by juf Iris, juf Geeske en juf Tiny.
Trije juffen?
Ja, mar juf Tiny is no net op skoalle, want dy hat krekt in baby.
Hoe fynst it op skoalle?
Leuk.
Wat fynst dan leuk?
Taal en spelling.
Bist dêr ek goed yn?
Dat wit ik net.
Wat fynst it ferfelendste fak op skoalle?
Frysk, want dat is saai.
Saai??????? Wat dogge jim dan as jim Fryske les krije?
Frysk prate en skriuwe en rekkenje.
Rekkenje? Ha jim Fryske sommen? Gean dy oer fierljeppen, aaisykjen en
skûtsjesilen? ( heit laket en hat der neffens my ek noch noait fan heard; bin ik
net de ienichste) Ik lit myn fantasy de frije loop en betink in Fryske som: Carl en
Boake binne oan it aaisykjen; Carl fynt yn in oere 4 aaien en in broedsje en Boake
fynt 2 broedsjes. Hoefolle graden wie it dy moarns?
Praatst altyd Frysk?
Nee. Wy moatte Nederlânsk op skoalle prate. Allinnich net as wy Frysk ha. En
sneons en sneins praat ik ek Frysk.
11
Ha jim húsdieren?
Wy hienen poezen, kninen, geiten en kipen, mar no ha wy allinnich noch poezen
en kninen, want de kipen binne allegear deagien troch de foks. ( no, Reintje hat
ek al ris by ús west; as ik ‘m tsjin kom!)
Hast ek in “lievelingsbist”?
Ja, de poes. Siegrid fertelt dat se 3 poezen ha en ien derfan fynt it hearlik om by
har yn ‘e nekke te lizzen. Siegrid mei der wol oer, sa’n lekker waarme sjaal.
De kninen moat heit fersoargje.
Wat wolst letter wurde?
Sjongeres of in sirkusartyst of wat mei bisten
(no’t ik dit sa opskriuw tink ik dat in kombinaasje
ek wol kin. Ik sjoch it foar my: in sjongende artyst
yn it sirkus dy’t keunstkes docht mei hûntsjes.)
Kinst moai sjonge?
Se knikt.
En wat soest graach yn it sirkus dwaan wolle?
Clown liket har moai. No, dan binne der hjir yn ‘e hûs wol twa dy’t dêr foar yn ‘e
widze lein binne, seit heit.
Op de fraach as se wolris televyzje sjocht, seit se: tuerlik!
Watfoar programma’s:
Lachen om home-video’s , Chica Vampira, Allstars. Mar dy lêste ha ik noch mar
2x sjoen en doe barde der wol wat slims.
En it Sinteklaassjoernaal; dêr sjocht de hiele húshâlding ek graach nei. No, ik kin
meiprate want ik folgje it ek elke kear en ik fyn it noch leuk ek!
Wat fynst leuk om te lêzen?
Strips, sa as Tina, Penny, Jan, Jans en de kinderen en noch ien mar se kin net op
‘e namme komme. Se beskriuwt de haadpersoanen wiidweidich mar sorry, ik wit
it ek net.
Siegrid hat op skoalle krekt in boekepresintaasje hân. It boek gie oer in nylhoars
en se fûn it in moai boek.
Wat fynst moaie muzyk?
Jan Smit en Ariana Grande.
Ariana Grande? En Siegrid spelt kreas hoe’t ik dy namme opskriuwe moat.
Elke kear as wy oan dizze fragen ( sa as tv-programma’s en muzyk) ta binne, fiel
ik my âlder en âlder want wa is Ariana Grande? Is it in man of in frou? Wat foar
muzyk heart derby? As ik thús bin, sykje ik op You Tube nei de muzyk en ja hear,
12
as ik it hear, komt it my net hielendal ûnbekend foar. Gelokkich mar.
Hast sels ek in muzykynstrumint?
Nee, dat mocht net.
Hoesa net?
Ik sit no op volleybal. Wy ha foarige wike in toernoai hân en dat gie best wol
goed.
As ik letter in ynstrumint kieze mei is dat in gitaar.
Fynst it moai om yn Nijemardum te wenjen?
Nee.
Wêrom net?
Ik kin alle minsken al en der is gjin snackbar!
Mar hast hjir dan gjin freondintsjes wenjen?
Jawol. Esri, Amber, Hilde en Iris.
Foar de snackbar hoechst oars ek net safier. Of mist de kleanwinkels?
Nee, Siegrid hâldt echt net fan ‘ shoppen’. Se is bliid dat mem dat foar har docht.
Wat foar boartersguod fynst it moaist?
De space-scooter, de computer; dêr bin ik oan ferslave, fuotbaljen, skommelje,
kleurje en “knutselje”. Mem hâldt ek fan “knutseljen” en dat kin se ek hiel goed,
seit Siegrid.
( No, ik hear it al, do meist graach bûten boartsje! En dy computer? Ja, ik snap it
wol, asto wurch bist fan it bûtenboartsjen, is it hearlik om efkes efter de
computer te krûpen. Dat heit en mem soks no net snappe!)
Watfoar iten fynst it lekkerst?
Pizza-salamy!
En earpels mei griente?
Earpels mei beantsjes, slaad of reade biten.
En sprútsjes, dêr hâldt se net fan!
Helpst heit of mem wolris?
Wy moatte de ‘boarterskeamer’ en ús klean opromje en nei iten de tafel ôfromje
en snein ha ik sop klearmakke.
Soa, hoe diesto dat?
It gas oanstekke, wetter yn de panne dwaan, griente deryn, en riere. O ja, en ek
noch de gehakbaltsjes draaie.
En, wie it lekker?
Ja, der siet allinnich wat tefolle griente yn.
Kin it dy wat skele hokke klean ast oan hast?
13
Jaseker! Siegrid is tige kritysk. Benammen mei sokken en ûnderbroeken. It moat
wol wat by de klean passe, fynt se, mar mem siket it foar har klear en dy hat wol
in goede smaak. Yn it wykein mei se sels kieze en dan rint se it leafst yn in
joggingbroek. Siegrid is net fan ‘e rokjes en jurken.
Hast ek op fakânsje west?
Ja, nei de Beerse Bulten, in leuke camping.
Do hast al ferteld datst graach efter de computer sitst. Wat dochst dan?
Dan sit ik op Facebook, op Hyves of spelletjes.nl.
Ast no 2 winsken dwaan mochtst, wat soest dan winskje?
Dizze dame is hieltyd rap mei har antwurden, mar no nimt se al wat mear tiid.
Dat is net handich, seit se, ast winsken lûdop seist, komme se net mear út! Ja,
dan steane jo mei de mûle fol tosken.
Heit besiket dochs noch wat út har te
krijen en dan fertelt se dat se graach in
pony wol en graach yn in lân wenje
wol mei huzen fan snobbersguod en
allegearre prinsessen en hynders en snie
en it hea foar de hynders bestiet út
“sopstengels” en……….
Siegrid betinkt der hieltyd wer mear by.
Ik soe dêr wol in tekening fan ha wolle, siz ik.
Soest dy foar my meitsje wolle?
Ja, dat wol se wol.
Se sil de tekening by ús troch de brievebus goaie neidat ik har ferteld ha wêr’t ik
wenje.
O, by dy kipen. Der giet in ljochtsje by har op. Us hinnen meie middeis wolris
efkes omtoffelje en binne sa no en dan ek wol ris op it skoalplein. Dêrfan komt it
dat se de hinnen wol ken, mar my dêr net by pleatse koe. Hat se dochs wer wat
minsken kennen leard yn Nijemardum en ik wit no wat mear fan Siegrid.
Bedankt!
As ik de jûns noch efkes foar ‘The Voice’ sit, hear ik fan ‘e presintator dat der in
ferneamde sjongeres optrede sil. Har namme: Ariana Grande!
Wat in tafal!
Coby
14
SINNICH MEI SINNE
De dagen worden snel korter en de avonden navenant langer. Tijd om als
commissie weer eens om tafel te gaan zitten. We hebben teruggekeken op onze
zonnepanelenactie en onze vloerisolatie-actie. De zonnepanelen gaan nu even
een rustige tijd in, en de verwarming is inmiddels al weer bezig de temperatuur
in onze huizen op peil te houden. En hoe beter het huis is geïsoleerd, hoe minder
hard de verwarming hoeft te werken, hoe minder Co2 ons milieu belast en hoe
minder hard de euri onze portemonnee ontvluchten.
De mensen die afgelopen voorjaar en zomer hun kruipruimte hebben gevuld met
isolatiechips (of anderszins hun vloeren hebben geïsoleerd) zouden daar nu de
effecten van moeten merken. Minder koude voeten of optrekkend vocht
bijvoorbeeld. En later volgt een lagere gasrekening als het goed is, wat sowieso
een warm gevoel oplevert.
We hebben ons eveneens beraden op wat we nog meer kunnen doen om
Nijemirdum te verduurzamen. Zo hebben we onze gedachten laten gaan over de
mogelijkheden van een voedselcollectief, besparing op drinkwater of het delen
van spullen. Het is soms best lastig om een onderwerp te kiezen dat we ook
praktisch in Nijemirdum handen en voeten kunnen geven. Mocht u daar een
goed idee voor hebben dan houden we ons uiteraard aanbevolen.
We willen graag medio januari a.s. een nieuwe avond beleggen in ons dorpshuis
om Nijemirdum weer een stapje vooruit te brengen qua duurzaamheid. Hoe we
die avond precies gaan invullen hoort u uiteraard tijdig van ons.
Commissie SmS
Rienk, Roelof en Ronald
15
CARBID SCHIETEN OP OUDJAARSDAG
Al jaren lang luidt de jeugd het oude jaar uit door het schieten met carbid op
oudjaarsdag. Een gezellig en sociaal gebeuren, waar menig dorpsgenoot op af
komt. Officieel is het volgens de regels van de overheid verboden, maar de
gemeente gedoogt tot nu toe nog steeds deze traditie. Echter, vorig jaar werden
de geluidsnormen behoorlijk overschreden. Dit gaf overlast voor een aantal
mensen uit ons dorp. Om dit gezellige gebeuren toch te kunnen blijven doen op
het einde van het jaar, is het verstandig om minder harde knallen af te steken en
het voor iedereen acceptabel te houden. Wij rekenen op jullie medewerking en
hopen op weer een gezellige jaarwisseling!
Doarpsbelang Nijemardum
JAARWISSELING 2014-2015
Net als vorig jaar willen we Oudejaarsavond en de jaarwisseling goed laten
verlopen. Immers, het moet een feest zijn voor iedereen. De gemeente De Friese
Meren heeft samen met alle besturen van de Dorps- en Plaatselijke Belangen in
de gemeente, de jaarwisseling van vorig jaar geëvalueerd. Voor de komende
jaarwisseling zijn de volgende afspraken gemaakt.
-
Vuurwerk afsteken mag van 31 december 22.00 uur tot 1 januari 2.00 uur.
Hierbij natuurlijk rekening houden met ouderen en andere buurtbewoners,
maar zeker ook met huisdieren. En: het opruimen van het vuurwerk ging
vorig jaar prima, graag ook nu weer na afloop eigen vuurwerkrommel
opruimen. Dit scheelt de gemeenschap veel kosten.
-
In de nieuwe APV is carbid schieten verboden! De Burgemeester kan echter
plaatsen aanwijzen waar het wel is toegestaan en nadere voorschriften
stellen. We zijn voornemens de traditie in ere te houden, maar dan moeten
de plaatsen wel aangewezen worden. Daarom graag doorgeven,
[email protected] of 140514, op welke locaties men carbid wil gaan
schieten. Dan kan de burgemeester het op die locaties toestaan.
16
-
Om overlast en schade te voorkomen wordt geadviseerd om met carbid te
schieten buiten de bebouwde kom en met nadrukkelijke toestemming van
de grondeigenaar waar het carbidschieten zich afspeelt. Denk om elkaar en
voorkom dat de omwonenden en dieren (geluids)overlast ondervinden.
Maak er op 31 december een leuk feest van; schiet i.v.m. de veiligheid alleen
overdag van 10.00 uur tot 17.00 uur met carbid.
-
Kalken moeten we niet willen. Je zit aan een andermans
eigendom en er kan schade ontstaan. Vooral bij vorst
kunnen de bewoners de ruiten moeilijk schoonmaken.
Kalken is niet meer van deze tijd en bewoners hebben
er grote moeite mee.
-
Vreugdevuren in tonnen zijn toegestaan: tonnen met daaronder een
zandbed, om schade aan groen of bestrating te voorkomen. Het
brandmateriaal moet schoon hout of open haardhout zijn. Voor een
vreugdevuur in tonnen is geen vergunning noodzakelijk. Wel moeten de
restanten worden opgeruimd en afgevoerd.
-
Voor brandbulten of andere vreugdevuren zonder tonnen wordt geen
toestemming gegeven. Ze zijn illegaal en worden beschouwd als een
overtreding. Vaak veroorzaken brandbulten schade aan het wegdek of aan
groenvoorziening. Ook veroorzaken branden vaak overlast bij omwonenden
en ergernis als de restanten blijven liggen. Omwonenden zijn vaak ook
angstig als in de nabijheid van hun woning brandbulten ontstoken worden.
Dit kan niet de bedoeling zijn.
-
Het hinderen van hulpverleners (politie, brandweer, ambulance, gemeente)
wordt door het Openbaar Ministerie zwaar gestraft.
-
Schade en incidenten melden. Tot slot is het van belang dat u
aangifte/melding doet van kwalijke incidenten rond de jaarwisseling. Alleen
door actief meldingsgedrag door ons allen richting brandweer en politie,
kunnen er maatregelen genomen worden richting daders en draait de
gemeenschap er niet voor op. Schade en vernielingen kunt u anoniem
melden op telefoonnummer 0800-7000.
17
Bij ernstige incidenten uiteraard eerst 112 bellen.
Voor vragen kunt u contact opnemen met Arnold Otten. Hij is bereikbaar via
140514 of [email protected]
Binnenzetten afvalcontainers
Tot slot willen we iedereen adviseren om rond de jaarwisseling de
afvalcontainers en andere losse voorwerpen als brievenbussen, speelattributen
etc. tijdig binnen te zetten, dit om mogelijke vermissing en schade te
voorkomen.
Zoals ook al op de afvalkalender staat vermeld behoren de containers bij de
woning en is de eigenaar bij vermissing of schade aansprakelijk.
Bestjoer doarpsbelang
FOLLE LOK EN SEINE!
Hjirby noegje wy jong en âld, en alles dêr tuskenyn, út om op 31 desimber, nei
Middernacht, elkoar by deToer it bêste ta te winskjen foar it nije jier.
Fansels kinne wy der ek in gleske by drinke en it is moai as safolle mooglik
minsken meigenietsje kinne.
Wy begripe dat dêr ek fjoerwurk by heart, mar tink der wol om dat it ôfstekken
feilich bart, dus:
Gjin fjoerwurk tusken de minsken smite en soargje dat der neat fernield wurdt!
Dan wurdt it foar eltsenien in noflik nijjier.
Oant sjen by de Toer!
Feestkommisje en bestjoer doarpsbelang
18
IT HIMD FAN IT GAT
“Folluk” rop ik by de efterdoar op
nûmer 81 fan de Lyklamawei.
It duorret eefkes en ik sil it hast
weagjeom fierder te rinnen.
Dan ferskynt Fekke syn holle in bytsje
skean om ‘e hoeke. As hy my sjoch
giet de doar iepen.
“Do meist der wol ynkomme,
mar sy is der net hear!”
“Ik kom net foar Klaasje, mar foar jo.”
“Foar my?” freget Fekke ferheard. “ Kom dan mar gau fierder.” en twa tellen
letter sitte wy oan ‘e kofje. As ik him fertel dat ús redaksje it wol heech tiid fynt
om him as âldste ynwenner fan Nijemardun út te noegjen foar in ynterview yn ús
Doarpsnijs, seit Fekke: ”Ja, ik ha ek al ris tocht: wat frjemd dat se my net
freegje.” Ja, ja….
Dan komt Klaasje mei har soan Jan troch de doar en ús petear rekket op in oar
spoar.
Yn de Peaskedagen fan dit jier waard Klaasje net goed. Se rekke nei it sikehûs en
it die bliken dat sy skea oprûn hat oan har harsens: In foarm fan afasy. Dêrtroch
is it deistich bestean fan Fekke en Klaasje tige yngripend feroare. Alle dagen
komt de thússoarch oer de flier en Klaasje har bern wolle safolle mooglik
“mantelsoarch” biede. It slagge Fekke earst hast net om syn wei te finen yn de
nije sitewaasje thús, mar stadichwei begjint it al wat te wennen.
Wy prate ôf dat ik op in middei oankomme sil foar it ynterview, mar dan betinkt
Fekke dat hy ek alris foar Radio Gaasterlân west hat mei in ferhaal, benammen
oer syn jonge jierren.
“Ik ha der twa CD’s fan. Wolsto dy net ha?” Thús belusterje ik dy petearen, mar
ik wol graach mear hearre oer it lange libben fan Fekke Aukema.
Sadwaande hingje ik in pear dagen letter op in moaie middei myn jas by harren
oan ‘e kapstok en begroetsje Klaasje, dy’t (foar straf) yn ‘e keamer sit te
sokkebreidzjen. Yn ‘e keuken sit Fekke al op ‘e praatstoel.
Hy hat in soad te fertellen…
19
Wêr binne jo berne?
Ik bin op 12 febrewaris 1924 as âldste soan fan Marten en Tryntsje Aukema yn
Sondel berne. In pear jier letter binne wy nei de Lyklamawei yn Nijemardum
ferhuze. Heit sutele mei peteroalje en begûn letter in taksybedriuw . Wy hiene
ek in lyts winkeltsje mei negoasje yn it hûs dêr’t ús Lykele no noch wennet.
Watfoar oplieding ha jo dien?
Ik ha oant myn fjirtjinde jier op de legere skoalle sitten. Earst by juffer Flesch en
juffer Salverda. Doe by de masters Zijlstra en Piebenga en ek noch by master
Ringnalda.
Ik wie net sa’n learder. Heit fûn dat ik it middenstânsdiploma helje moast, want
dan koe ik letter syn bedriuw oernimme, mar ik hie skjin myn nocht fan skoalle.
Dan mar oan it wurk?
Myn earste plak wie by Willem Eppinga,
dêr’t ik it melken leard ha. Moarns om kertier
oer fjouweren derôf. Earst de boer wekker
klopje en dan oan ‘e slach, mar ik koe der
net lang bliuwe en gyng doe nei Aldemardum:
earst by Jabik Ploegstra op de pleats (dêr’t Foeke de Jong no wennet) foar 85
gûne yn it jier plus kost en ynwenning. Letter by Titte Kerst Beuckens dêr’t ik it
ploegjen ek leard ha. Dat foel net ta.
De fuorgen leinen yn it begjin as in heale moanne oer it fjild, mar ik ha it rêden.
It waard oarloch en jo wienen jong…..
Ik moast keurd wurde en waard oproppen om yn Dútslân oan it wurk te gean.
Titte Kerst Beuckens frege útstel foar my oan. Dat slagge twa kear, mar it útstel
waard gjin ôfstel..
Fekke Aukema reizge lykas as tal fan oare jongkeardels ôf nei Dútslân.
It koe net oars. Us mem oppere noch dat ik wol ûnderdûke koe yn ús tsjerke,
dêr’t heit koster wie, mar dat woe ik perfoarst net. Ik wie njoggentjin en stapte
op ‘e bus nei Ljouwert en doe mei de trein rjochting Hannover.
In bang aventoer yn ‘e mjitte?
Alles wie ûnwis, mar ik wie net bang. It aventoer lokke ek wol wat…
En dan rekket Fekke op ‘e tekst oer syn tiid yn Dútslân.
It wurk by in boer, dy’t sels nea by de kij kaam, en him wol mei ha woe want
Fekke koe ommers melke. De ferskrikkingen fan bombardeminten, de earmoede,
it lijen fan benammen de swakke minsken, de smoargens, it ûngedierte, de
20
luzen dy’t elkenien oprûn en de ûnferskilligens dy’t oer him kaam.
“Ik wie safier hinne dat ik samar oaren tekoart dwaan koe as ik my bedriege
fielde. Elkenien die alles om mar te oerlibjen” Dochs ûntstiene der ek
freonskippen, b.g. mei Kees en Harry, jonges dy’t ek stjoerd waarden. Mei
harren makke hy yn it grutste geheim bûter fan de rjême dy’t sy fan de
kowemolke dreagen. De bûter waard ruilhannel en sa besochten sy te oerlibjen.
De Kanadezen kundigen de befrijing oan.
Earder as hjirre wienen wy frij, mar noch net wer thús fansels. De weromreis mei
myn maten wie dreech. In soad diken en brêgen leinen yn pún, mar wy berikten
de grins by Enschede. Kees hie ferkearing yn Dútslân krigen en naam syn faam,
dy’t by deselde boer as ús oan it wurk wie, mei. Sy hjitte Watje en kaam út
Poalen. Watje mocht net mei de grins oer. Wat no? Kees woe har net misse en
dus wie Fekke tsjûge by harren houlik, dat samar sletten waard op ‘e grins nei ús
lân. It jonge pear koe oan in nije takomst yn ús lân begjinne.
Jo namen gjin “Watje” mei?
Nee, mar de befrijing makke alle
remmen los. Der waard dagenlang
feestfierd, ek yn Sondel dêr’t ik nei
in lange reis, soms mei in boerewein
of in frachtwein, mar ek wol rinnende,
úteinlik bedarre. In muoike begroete my
hertlik en doe op nei Nijemardum. Ik wit noch goed dat ús Lykele, dy’t noch in
beuker wie doe’t ik fuort gie, it net op my stean hie.
Einlings wer by heit en mem thús!
Ja en mar gau oan ‘e slach, want thússitte koe fansels net fûn ús heit. Hy woe my
oan it tûkebinen ha. Ik hie der gjin nocht oan, einliks wist ik net
wat ik wol woe. Earst bedarre ik wer in skoftke by Titte Beuckens. Letter bin ik
molkrider nei it fabryk yn Sleat wurden en boerefeint by tal fan boeren yn ‘e
omkriten, mar it moaiste plak wie wol by Freark Twynstra. Ik fûn it dêr machtich!
Yn 1971 koe ik oan ‘e slach by Lankhorst yn Snits. Dat wie in prima bedriuw. Ik
ha dêr fjirttjin jier mei in soad nocht as heftrucksjauffeur oan it wurk west.
En de leafde?
As jongfeint skarrele ik gauris mei maten yn it Jolderenbosk om en joech de
eagen goed de kost. Soms slagge it om kontakt te krijen mei in moaie faam, mar
21
net altyd. Op in dei wie it feest yn Riis en by it fjoerwurk moete ik Jantsje
Zeldenrust fan Aldemardum. Dat wie it begjin fan ús ferkearing.
It waard wol serieus, mar Fekke gyng net nei de goede tsjerke en dat wie net sa’t
it hearde. Fekke makke it út en dat woe Jantsje (snik-snik) einliks net en dan
rekke it wer oan. Sa hat it wol in skoftke knipperljochte. Yn 1953 kaam der yn ‘e
Wissebuurt in húske frij en doe ha Fekke en Jantsje de lapen byinoar smiten. Sy
binne yn ‘e Grifformearde Tsjerke troud.
Doe ‘t Jantsje swier wie fan har earste poppe krige sy in nierkwaal. It jonkje dat
berne waard, koe net libje. Twa jier letter krigen se wer in poppe, mar it berntsje
hat net libbe.
Fekke en Jantsje ha seis berntsjes gean litte moatten, mar yn 1965 lei der in sûn
jonkje by harren yn ‘e widze.
Wat sille jimme mei lytse Marten út ‘e skroeven west ha.
Jawis, dat wie prachtich. Jierren nei ús Marten ha wy noch in famke krigen dat
net libje koe.
Spitigernôch hat Jantsje net lang goed foar har man en berntsje soargje kind. Sy
wie faak siik en waard troffen troch in harsens-ynfarkt. De lêste tsien jier fan har
libben wie sy ynfalide en dat wie in hiele soarch.
Hoe ha jo dat al dy jierren rêden?
Ik ha help yn ‘e hûs hân fan miskien wol tritich famkes fan de “Gezinsverzorging”.
Sa hjitte dat doe. Omdat ik ek wol yn ‘e ploegetsjinst siet, wie ús Marten gauris
by syn pake en beppe of by buorlju oer de flier. Fierders frege ik famylje, freonen
en kunde om nei Bloemkamp yn Boalsert te gean. Jantsje hat dêr seis jier wenne
en hiel wat minsken hawwe
har jierrenlang besocht. Dat wie geweldich, mar de libbensmoed stie faak op in
leech pitsje.
Jimme wiene troud, mar ha net folle sûne, lokkige jierren belibbe.
Nee, it wie foar Jantsje slim en foar my ek swier om as man sa jong al
“allinnich” troch it libben te skarreljen en it wie ek net maklik foar ús Marten.
Jantsje stoar yn 1981. Sy is 52 jier wurden.
En doe moasten jo op ‘en nij de tried fan it libben oppakke
Ik ha help socht. Idske Burggraaf hat tige har bêst dien om de boel hjir geande te
hâlden.
Sy wie in hiel leave frou en hat dik fjouwer jier by ús west. Fierders kaam Klaasje
ek wol gauris om ‘e hoeke.
22
Dy Klaasje…….
Ik koe har al fan froeger doe’t wy allebeide by deselde boer wennen. It wie in
fleurige faam. Sy hie ferkearing mei Freark Beuckens, dy’t as soldaat útstjoerd
wie nei Ynje. Doe’t sy letter trouden fregen sy my om harren mei de taksy (fan ús
heit) nei it Gemeentehûs yn Balk te riden. Sy kamen net fier fan ús ôf te wenjen.
Klaasje har Freark hat ek lange tiid siik west.
Hy is amper 48 jier wurden.
Jimme sieten wol in bytsje yn itselde skip.
Klaasje en ik hiene al in soad stoarmwaar meimakke, mar stadichwei bedarre dat
en kaam der romte en fleur yn it libben. Wy gyngen der gauris tegearre in dei op
út nei famylje of nei konserten. It libben lake my ta en ik woe Klaasje graach by
my ha.
Ha jo wolris op fakânsje west?
Klaasje en ik ha mei in busreis nei Eastenryk west. Wat in wille ha wy doe hân.
Wy ha ek faak yn Slagharen west en yn Beekbergen.
Yn Seelân ha wy de stoarmfloedkearing besjoen.
Lêze jo in soad?
Hjir op souder stiet in hiele steapel fryske boeken.
Dêr sutele Bram v.d. Werf eartiids mei. Middeis lis ik altyd efkes op bêd, mar ik
kin net sliepe en dan lês ik dy boeken. Moai hear!
Ik lês de krante en it Doarpsnijs fyn ik ek prachtich.
Hokke tv-programma’s sjogge jo nei?
It nijs en GTST, the Bold and the Beautiful en de sport. It fuotbaljen en it
reedriden.
Watfoar muzyk meie jo graach hearre?
Koperblazers en manljuskoaren. Klaasje en ik ha nei tal fan konserten fan
korpsen en koaren west en sneintemoarns lústerje wy nei Prelude op Omrop
Fryslân.Fekke hat sels ek by in korps spile en songen by ferskate koaren; hy
mocht froeger ek graach dûnsje.
Wêr tinke jo mei nocht oan werom?
Oan myn earste fakânsje mei Klaasje nei
Eastenryk.
Ik fielde my sa licht en frij…..
23
Wêr soene jo noch graach hinne wolle?
De stêd Venetië yn Ytaalje skynt hiel moai te wêzen. Dat liket my wol wat ta.
Watfoar iten meitsje jo graach klear?
“Stimp-stamp” fyn ik hiel lekker. Fekke leit út hokke yngrediïnten hy der by brûkt
en syn hannen struie yn ‘e loft mei allerhanne lekkere krûden.
Klaasje hat wylst besite krigen fan har broer út Balk. Sy beprate de nijste nijtsjes
en drinke kofje yn ‘e keamer. As hy letter wer ôfset jout Klaasje har gesellich by
ús del.
“Wat ha jimme grutte ferhalen” seit se “en jimme ha noch net iens kofje hân?”
Dêr wurdt no gau wat oan dien.
Dan lústerje wy nei Fekke dy’t mei ynmoed fertelt oer de tsjinslaggen dy’t in
minske der soms ûnder hâlde kinne en dy’t, benammen yn syn jonge jierren,
faak net besprekber wiene..
Dan komt ien fan Fekke syn trije pakesizzers troch de doar mei de kaaien fan de
auto.
Hy is automonteur en ek “mantelsoarger” fan pake syn auto.
Fekke hat it mar goed regele: syn handige “bakje” komt de winter wol wer troch.
Wolle jo fierder noch wat kwyt oan de lêzers fan it Doarpsnijs?
Fekke tinkt djip nei: Wês mar leaf en steun elkoar.
Hy hat sels besocht om dat yn praktyk te bringen.
Mei de frou, dy’t hy leaf hat en op hannen draacht
hopet hy oare simmer te betinken dat sy 25 jier
byelkoar binne.
In jubileum dus, dêr’t nei útsjoen wurde kin.
Wy wurde der suver fleurich fan en fine dat soks
einlings wol fierd wurde moat en wa sil it sizze:
faaks wapperje de Pompeblêden dan wol op de
hiele Lyklamawei!
Tige tank foar jo ferhalen Fekke en ik hoopje dat
it jubileum-jier ek in jubeljier foar jimme wurde mei.
Annie
24
NIJEMIRDUMMER BILJARTTOERNOOI LIBRÉ OPEN
19, 20 EN 21 DECEMBER
Voor het zesde jaar op rij zal het toernooi weer worden gehouden.
Opgeven voor het toernooi kan bij Riny Kramer tel. 06-34297141
Het toernooi wordt mede mogelijk gemaakt door de sponsors die ons op diverse
manieren ondersteunen.
Op de beamer worden zij tijdens het toernooi gepresenteerd.
Hierbij willen wij de sponsors al vast bedanken.
Aanvangstijden:
Vrijdag; 17.30 uur en 20.45 uur
Zaterdag; 9.30 uur, 11.00 uur, 14.15, 17.30 uur en 20.45 uur.
Finaledag zondag vanaf 10.00 uur.
INSCHRIJFGELD € 10,00 P.P.
Riny Kramer
SIZWIZE FAN DE MOANNE
Al twirret de wyn en draait er noch sa faak
do krijst him wer yn’e rêch
25
OALJEKOEKEN-AKSJE/ OLIEBOLLEN-ACTIE
Ha jim der ek wer sa’n sin oan? Om in hap te setten yn in waarme oaljekoek?
No, wij wol!
En dêrom sille wy op woansdei 31 desimber wer drok oan ’t bakken. Mar wy
bakke net allinnich foar ús sels, wy wolle ek graach dat jim wer komme.
It doel wêrfoar wy bakke is oan ‘t no ta noch net dúdlik.
Jim lêze dêr yn it folgjende krantsje mear oer.
Mar nim fan ús oan dat it wol in goede reden is om
oaljekoeken bij ús te bestellen.
Om de priis hoege jo it net te litten: 10 oaljekoeken foar € 6,=
Wy bakke wer efter de eardere slachterij op Lyklamawei 49. Gean mar gewoan
op ‘e lucht ôf.
Jo kinne dêr terjochte fan 9 – 12 oere op âldjiersdei.
Binne jo net mear sa fluch of leit der in meter snie? Hindert neat, wy besoargje
FERGEES!
It strookje hjirûnder graach ynleverje foar 27 desimber op Lyklamawei 23, 49 of
61. Mar jimme kinne ek skilje: 571310 of 571855. Of maile nei
[email protected], [email protected] of
[email protected]
Oant sjen!
Wieger, Freark, Nico, Wiepkje en Coby.
……………………………………………………………………………………………………………………………
Namme: …………………………………………… wol graach …..oaljekoeken mei resinen
wol graach……oaljekoeken sûnder resinen
Ik helje se sels wol/net op.
Bestellen vóór 27 december!
HOE MEER OLIEBOLLEN, HOE MEER VREUGD!
26
DE STIPERS
Mei tank oan de folgjende minsken/bedriuwen kin Doarpsnijs elke moanne útbrocht
wurde:
Paul Baas
Harmen en Lieske Bangma
Albert en Jeannet Bekedam
Bauke Beukens
Doede Bosma
Harm van Bommel
Jan Buma
Johan A. Dijkstra
Jelle Eppinga
Arjan Hendriks
Halbe Hielkema
Tryntsje de Jong-Rienstra
Ede Groenhof
Cees en Johannes v.d. Meer
Martin Mensonides
Hendrik Postma
Douwe en Froukje Prins
Fam. K. Rienstra
Runia Fourage BV
Runia Transport BV
Jan-Dirk van der Tol
VandeLinde Associates
Earnst P. Veenstra
Annoesjka de Vries
De Vries
De Klussenbaas
Camping De Groninger
Melkveehouderij/luxe appartementen
Garant Zaden
Klussenbedrijf
VB administratie
Buma Handel
Dierenarts
Boomkwekerij
SDS Balk Startmotoren en dynamo’s
Bouw- en onderhoudsbedrijf
Kapsalon Tryntsje
Transportbedrijf/verhuizingen
Van der Meer Mechanisatie
Martin Service-onderhoud en reparatie mobiele
werktuigen
Motorenrevisie/reparatie
Bakkerij Prins, Harich
Beheerders dorpshuis
(Klein)diervoeders, aardappelen enz.
Transportbedrijf
Feedcentre B.V.
Journalistieke Producties
Hovenier
Pedicure
Slagerij, Oudemirdum
De famylje Kramer soarget derfoar dat it krantsje elke lêste tongersdei fan 'e moanne by
de minsken thús komt.
27
AGINDA
29 novimber
: Sinteklaasjûn
19, 20 en 21 desimber
: Biljarttoernooi libré open
31 desimber
: 12.00 oere, Nijjierwinskje bij de Toer
Elke 3e sneon fan ‘e moanne wurdt it âld papier
ophelle.
IT FOLGJENDE KRANTSJE ferskynt op woansdei 24 desimber 2014
KOPIJ YNLEVERJE foar woansdei 17 desimber
by ien fan de redaksjeleden
in e-mail stjoere kin ek: [email protected]
28