Skier Exit - Omrop Fryslân

Download Report

Transcript Skier Exit - Omrop Fryslân

PARSEBERJOCHT - Programma-ynformaasje Fryslân DOK
8 maart 2017
Skier Exit
Fryslân DOK op snein 19 maart
It enerzjybedriuw Engie makke op 15 febrewaris bekend syn fergunning foar
proefboarringen nei gas foar de kust fan Skiermûntseach yn te leverjen. In histoarysk,
unyk en wûnderlik beslút. Dêrmei kaam ûnferwachts in ein oan in striid fan goed trije
jier, dy’t fierd waard troch eilanners ferienige yn de ‘Werkgroep Horizon
Schiermonnikoog’.
Ferline jier kaam der stipe fan 17 natuer- en miljeuorganisaasjes en waard de ‘Brede Coalitie
tegen Boren voor Schiermonnikoog’ foarme. De Waddenvereniging, Natuurmonumenten,
Urgenda, Milieudefensie en de Werkgroep Horizon waarden de lûkers fan dy unike koälysje,
dy’t mei-inoar 2,5 miljoen leafhawwers fan it Waad fertsjintwurdiget. De koälysje wie bang
foar boaiemdelgong yn it kwetsbere Wrâlderfguod. En ûngelokken en gemyske fersmoarging
soene katastrofale gefolgen hawwe foar it libben yn de Waadsee.
De Werkgroep Horizon Schiermonnikoog fierde fertroulike petearen mei Engie, ûnder de
koadenamme ‘Schier Exit’. Yn Fryslân DOK in ferslach fan hoe’t in lyts eilân in grutte
Frânske multinasjonal op oare gedachten brocht.
Fryslân DOK: Skier Exit
Snein 19 maart om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân.
Ek te sjen op sneon 18 maart om 15.30 oere en snein 19 maart om 13.00 oere op NPO 2.
Noat foar de redaksje:
Foto – Wilfred Visser.
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing &
Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.
PERSBERICHT – Programma-informatie Fryslân DOK
8 maart 2017
Skier Exit
Fryslân DOK op zondag 19 maart
Het energiebedrijf Engie maakte op 15 februari bekend zijn vergunning voor
proefboringen naar gas voor de kust van Schiermonnikoog in te leveren. Een
historisch, uniek en opzienbarend besluit. Hiermee kwam onverwacht een eind aan
een strijd van ruim drie jaar, die gevoerd werd door eilanders verenigd in de
‘Werkgroep Horizon Schiermonnikoog’.
Vorig jaar kwam er steun van 17 natuur- en milieuorganisaties en werd de ‘Brede Coalitie
tegen Boren voor Schiermonnikoog’ gevormd. De Waddenvereniging, Natuurmonumenten,
Urgenda, Milieudefensie en de Werkgroep Horizon waren de trekkers van deze unieke
coalitie, die met elkaar 2,5 miljoen liefhebbers van de Wadden vertegenwoordigt. De coalitie
vreesde bodemdaling in dit kwetsbare Werelderfgoed. En ongelukken en chemische
verontreiniging zouden catastrofale gevolgen hebben voor het leven in de Waddenzee.
De Werkgroep Horizon Schiermonnikoog voerde vertrouwelijke gesprekken met Engie,
onder de codenaam ‘Schier Exit’. In Fryslân DOK een verslag van hoe een klein eiland een
grote Franse multinational op andere gedachten bracht.
Fryslân DOK: Skier Exit (Schier Exit)
Zondag 19 maart om 17.00 uur en daarna vanaf 18.00 uur ieder uur bij Omrop Fryslân. Ook
te zien op zaterdag 18 maart om 15.30 uur en zondag 19 maart om 13.00 uur op NPO 2.
Noot voor de redactie:
Foto – Wilfred Visser.
Voor meer informatie kunt u contact opnemen met de afdeling Marketing & Communicatie
van Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.