Understream - omropfryslan.nl

Download Report

Transcript Understream - omropfryslan.nl

PARSEBERJOCHT Programma-ynformaasje Fryslân DOK

23 febrewaris 2017

Understream

Fryslân DOK op snein 5 en 12 maart

It idyllyske libben op it Fryske plattelân wurdt rûch fersteurd troch in ûnferwachts plan foar in yndustrieel wynmûnepark foar 50 oant 60 enoarme wynturbinen. Wat yn earste ynstânsje in gefjocht liket, ‘ûntwynt’ him ta in boargerinisjatyf mei gefolgen. Fjouwer jier lang folge ynwenner en filmmakker Jeroen Hoogendoorn efter de skermen dy ûntwikkeling.

Hoewol der op it begjin in soad ferset wie tsjin de wynmûnen, waard dat al gau omsetten yn in boargerinisjatyf. Troch de boargers waard sels in plan skreaun mei in alternatyf. Kearn fan it plan is simpel: it dielen fan de lusten, lêsten en sizzenskip. Mar dochs wurdt yn dizze dokumintêre ek pynlik dúdlik dat boargers hieltyd faker net opwoeksen binne tsjin de kommersjele lobby en de polityk. Yn diel twa is te sjen dat projektûntwikkelers harren projekten no foar beoardieling presintearje moatte oan boargers en omwenners. Gefolch is dat der úteinlik net in soad projekten oerbliuwe. Under druk fan de provinsjale ferkiezingen komt it boargerinisjatyf lykwols yn swier waar. It is sels sa slim dat it boargerinisjatyf sneuvelet nei in debat fan 8 oeren. Mar it ferhaal is hjirmei noch net dien. De klacht is dellein by de VN yn Genève en de útspraak folget yn 2017. Fryslân DOK: Understream Diel 1: snein 5 maart om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân. Ek te sjen op sneon 4 maart om 15.30 oere en snein 5 maart om 13.00 oere op NPO 2. Diel 2: snein 12 maart om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân. Ek te sjen op sneon 11 maart om 15.30 oere en snein 12 maart om 13.00 op NPO 2.

Noat foar de redaksje:

Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

PERSBERICHT – Programma-informatie Fryslân DOK

23 februari 2017

Understream

Fryslân DOK op zondag 5 en 12 maart

Het idyllische leven op het Friese platteland wordt ruw verstoord door een onverwacht plan voor een industrieel windmolenpark voor 50 tot 60 enorme windturbines. Wat in eerste instantie een gevecht lijkt, ontwikkelt zich tot een burgerinitiatief met gevolgen. Vier jaar lang volgde inwoner en filmmaker Jeroen Hoogendoorn deze ontwikkeling achter de schermen.

Hoewel er in het begin veel verzet was tegen de windmolens, werd dit al snel omgezet in een burgerinitiatief. Door de burgers werd zelf een plan gemaakt met een alternatief. Kern van dit plan is simpel: het delen van de lusten, lasten en zeggenschap. Maar toch wordt in deze documentaire ook pijnlijk duidelijk dat burgers steeds vaker niet opgewassen zijn tegen de commerciële lobby en de politiek. In deel twee is te zien dat projectontwikkelaars hun projecten nu ter beoordeling moeten presenteren aan burgers en omwonenden. Gevolg is dat er uiteindelijk weinig projecten overblijven. Onder druk van de provinciale verkiezingen komt het burgerinitiatief echter in zwaar weer. Het is zelfs zo erg dat het burgerinitiatief sneuvelt na een debat van 8 uren. Maar het verhaal is hiermee nog niet afgelopen. De klacht is neergelegd bij de VN in Genève en de uitspraak volgt in 2017. Fryslân DOK: Understream (Onderstroom) Deel 1: zondag 5 maart om 17.00 uur en daarna vanaf 18.00 uur ieder uur bij Omrop Fryslân. Ook te zien op zaterdag 4 maart om 15.30 uur en zondag 5 maart om 13.00 uur op NPO 2. Deel 2: zondag 12 maart om 17.00 uur en daarna vanaf 18.00 uur ieder uur bij Omrop Fryslân. Ook te zien op zaterdag 11 maart om 15.30 uur en zondag 12 maart om 13.00 uur op NPO 2.

Noot voor de redactie

Voor meer informatie kunt u contact opnemen met de afdeling Marketing & Communicatie van Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.