Nij ljocht op Benner

Download Report

Transcript Nij ljocht op Benner

PARSEBERJOCHT – Programma-ynformaasje Fryslân DOK
25 septimber 2014
Nij ljocht op Benner
Fryslân DOK op snein 19 oktober
Gerrit Benner (Ljouwert, 1887-1981) is de bekendste moderne Fryske skilder. Hy wurdt
pleatst yn it rychje Appel, Corneille en Werkman. Benner hie it as autodidakt en ienling
dreech yn de Ljouwerter keunstwrâld. De leden fan it keunstsinnige miljeu yn de
Fryske haadstêd wisten net wat se oan him hiene en sadwaande waard der oant yn de
jierren ’50 op Benner delsjoen.
Nei de oarloch wie Benner in soad yn Grins dêr’t er syn earste solo-eksposysje krige. Syn tiid
fan bloei begûn doe’t er nei lang wifkjen yn 1952 nei Amsterdam ferhuze en oan it wurk gie
yn it âlde atelier fan Karel Appel. Direkteur Sandberg helle him nei it Stedelijk Museum en
dêrnei bruts Benner ek yn it bûtenlân troch. Gerrit Benner helle syn ynspiraasje út it Fryske
lânskip. Der hinget in waas fan romantyk om Benner hinne: folslein autentyk en op eigen
krêft grut wurden, tsjin de stream yn.
Biograaf Doeke Sijens hat wiidweidich ûndersyk dien nei libben en wurk fan Benner.
Sijens trof boarnen oan dy’t it romantyske byld gâns nuansearje. Hy kaam der ek achter dat
Benner foar de oarloch linkse sympatyen hie en dat er al hiel betiid Dútske flechtlingen holp.
Yn de oarloch siet Benner yn it ferset. Sijens syn boek oer Benner, mei dêryn ek bydragen
fan Han Steenbruggen fan Museum Belvédère en fan Saskia Bak en Judith Spijksma fan it
Fries Museum, ferskynt op sneon 4 oktober. It boek wurdt útjûn nei oanlieding fan twa
útstallings fan Benner syn wurk: ien yn Museum Belvédère op It Hearrenfean en ien yn it
Fries Museum yn Ljouwert. Dêr sil ek wurk te sjen wêze út partikulier besit dat noch nea
earder eksposearre is.
Fryslân DOK: Nij ljocht op Benner
Snein 19 oktober om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân
Televyzje. Ek te sjen op sneon 18 oktober om 10:30 oere en op snein 19 oktober om 15:30
oere op NPO 2.
Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing &
Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.
PERSBERICHT – Programma-informatie Fryslân DOK
25 september 2014
Nieuw licht op Benner
Fryslân DOK op zondag 19 oktober
Gerrit Benner (Leeuwarden, 1887-1981) is de bekendste moderne Friese schilder.
Hij wordt geplaatst in het rijtje Appel, Corneille en Werkman. Benner had een
moeizame relatie met het kunstzinnige milieu in Leeuwarden. Als autodidact en
moeilijk plaatsbare solist werd er tot in de jaren ‘50 op hem neergekeken.
Na de oorlog was Benner veel in Groningen. Hij kreeg daar zijn eerste solo-expositie.
Toen Benner in 1952 na lang aarzelen naar Amsterdam vertrok en ging werken in het oude
atelier van Karel Appel begonnen zijn hoogtijdagen. Directeur Sandberg haalde hem naar
het Stedelijk Museum en daarna brak Benner ook internationaal door. Gerrit Benner liet zich
inspireren door het Friese landschap. Er hangt een zweem van romantiek rondom Benner:
volkomen authentiek en op eigen kracht tot bloei gekomen, ondanks alle tegenslag.
Biograaf Doeke Sijens heeft uitvoerig onderzoek gedaan naar leven en werk van Benner.
Sijens trof bronnen aan die het romantische beeld aanzienlijk nuanceren. Hij kwam er ook
achter dat Benner voor de oorlog linkse sympathieën had en van daaruit al heel vroeg Duitse
vluchtelingen hielp. In de oorlog zat Benner in het verzet. Sijens’ boek over Benner, met
daarin onder andere bijdragen van Han Steenbruggen van Museum Belvédère en van
Saskia Bak en Judith Spijksma van het Fries Museum, verschijnt op 4 oktober.
Aanleiding voor het boek zijn twee gelijktijdige exposities van Benners werk: in Museum
Belvédère in Heerenveen en in het Fries Museum in Leeuwarden. Daar zal ook werk te zien
zijn uit particulier bezit dat nog nooit eerder in het openbaar is vertoond.
Fryslân DOK: Nij ljocht op Benner (Nieuw licht op Benner)
Zondag 19 oktober om 17:00 uur en daarna vanaf 18:10 uur ieder uur op Omrop Fryslân
Televisie. Ook te zien op zaterdag 18 oktober om 10:30 uur en op zondag 19 oktober om
15:30 uur op NPO 2.
Noot voor de redactie:
Voor meer informatie kunt u contact opnemen met de afdeling Marketing & Communicatie
van Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.