141223 Omrop Fryslân bringt nije thriller Jacht

Download Report

Transcript 141223 Omrop Fryslân bringt nije thriller Jacht

PARSEBERJOCHT
23 desimber 2014
Omrop Fryslân bringt nije thriller Jacht
Op sneon 3 jannewaris fan 17:00 oere ôf te sjen op Omrop Fryslân Televyzje
Yn de nije film ‘Jacht’ is it spannende ferhaal fan húsdokter Anjes te folgjen. De film is
basearre op it koarte ferhaal ‘Zeewaardig Jacht’ fan Kaat Vink en spilet him folslein ôf
yn Fryslân. Húsdokter Anjes har man hat in grut gat yn syn hân en sy hawwe dêrom te
meitsjen mei slimme jildsoargen. Yn har wurk as húsdokter komt sy in gefal tsjin dat
útkomst biede kin.
It ferhaal begjint mei in ferstoarne pasjinte fan húsdokter Anjes. De widner fertoant nuver
gedrach. Dan ûntdekt húsdokter Anjes dat er syn frou fermoarde hat. Ynstee fan de plysje
der by te heljen, beslút se fan de situaasje gebrûk te meitsjen en de man, dy’t miljonêr blykt
te wêzen, ôf te parsen. Har man fertelt sy neat, allinnich dat sy út de jildsoargen binne. Har
bêste freondinne Diana nimt se wol yn betrouwen. Diana is kardiolooch yn it pleatslike
sikehûs en blykt de widner as pasjint te hawwen. It is al gau dúdlik dat de widner in eagje hat
op Diana en dêrom beslute de twa froulju hjir gebrûk fan te meitsjen. It liket in hiel tûk plan
om yn ien klap miljoenen yn te heljen, mar dan rint it dochs hiel oars dan sy fan te foarren
tochten.
Yn Jacht spylje de akteurs Araliya Bosma (húsdokter Anjes), Arnold Dijkstra (man fan
húsdokter Anjes) en Bert Wijers (ûnhandige moardner). Kardiolooch Diana wurdt spile troch
Catharina Pinson. De film is regisearre troch Ids Aalbers, hy is ûnder oare bekend fan syn
film ‘Anathema’ en syn resinte film ‘The Dutchess’ dy’t hy makke hat foar it 48 Hour Film
Project. De muzyk yn de film is spesjaal komponearre foar Jacht en makke troch Sander
Stienstra, de titelsong is ynsongen troch Atsje Lettinga en wurdt ek útbrocht op cd.
Jacht is op sneon 3 jannewaris te sjen op Omrop Fryslân Televyzje om 17:00 oere en dêrnei
alle oeren nei Hjoed.
Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing &
Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 78 76.
PERSBERICHT
23 december 2014
Omrop Fryslân brengt nieuwe thriller Jacht
Op zaterdag 3 januari vanaf 17:00 uur te zien op Omrop Fryslân Televisie
In de nieuwe film ‘Jacht’ is het spannende verhaal van huisarts Anjes te volgen. De
film is gebaseerd op het korte verhaal ‘Zeewaardig Jacht’ van Kaart Vink en speelt
zich volledig af in Friesland. De man van huisarts Anjes heeft een groot gat in zijn
hand en daarom hebben ze te maken met erge geldzorgen. Tijdens haar werk als
huisarts komt ze iets tegen dat een uitkomst kan bieden.
Het verhaal begint met een overleden patiënte van huisarts Anjes. De weduwnaar vertoont
vreemd gedrag. Dan ontdekt huisarts Anjes dat hij zijn vrouw vermoord heeft. In plaats van
de politie erbij te halen, besluit ze gebruik te maken van de situatie en de man, die miljonair
blijkt te zijn, af te persen. Haar man vertelt ze niks, alleen dat ze uit de geldzorgen zijn. Haar
beste vriendin Diana neemt ze wel in vertrouwen. Diana is cardioloog in het plaatselijke
ziekenhuis en blijkt de weduwnaar als patiënt te hebben. Het is al snel duidelijk dat de
weduwnaar een oogje op Diana heeft en daarom besluiten de twee vrouwen hier gebruik van
te maken. Het lijkt allemaal een heel slim plan om in één klap miljoenen binnen te halen,
maar dan loopt het toch heel anders dan ze van te voren hadden gedacht.
In Jacht spelen de acteurs Araliya Bosma (huisarts Anjes), Arnold Dijkstra (man van huisarts
Anjes) en Bert Wijers (onhandige moordenaar). Cardioloog Diana wordt gespeeld door
Catharina Pinson. De film is geregisseerd door Ids Aalbers, hij is onder andere bekend van
zijn film ‘Anathema’ en zijn recente film ‘The Dutchess’ die hij gemaakt heeft voor het 48
Hour Film Project. De muziek in de film is speciaal gecomponeerd voor Jacht en gemaakt
door Sander Stienstra, de titelsong is ingezongen door Atsje Lettinga en wordt ook
uitgebracht op cd.
Jacht is op zaterdag 3 januari te zien op Omrop Fryslân Televisie om 17:00 uur en daarna
elk uur na Hjoed.
Noot voor de redactie:
Voor meer informatie kunt u contact opnemen met de afdeling Marketing & Kommunikaasje
van Omrop Fryslân: tel. 058 299 78 76.